Terentius: ferskil tusken ferzjes

98 bytes grutter ,  5 jier lyn
L
red
(f.Kr./n.Kr.)
L (red)
| echte namme = Publius Terentius Afer
| nasjonaliteit = [[File:Vexiloid of the Roman Empire.PNG|15px]] [[Romeinske Ryk|Romeinsk]]
| berne = [[195 f.Kr.|195]]-[[185 f.Kr.]]
| berteplak = [[Lybje|Lybia]] ([[Romeinske Ryk]])
| stoarn = [[159 f.Kr.]]
| stjerplak = op see (?)
| etnisiteit = [[File:Berber flag.svg|20px]] [[Berbers|Berbersk]]
| útjouwer =
| prizen =
| jierren aktyf = [[170 f.Kr.|170]][[160 f.Kr.]]
| webside = ''n.f.t.''
}}
'''Terentius''', folút: '''Publius Terentius Afer''' ([[195 f.Kr.|195]]/[[185- f.Kr.]] – [[159 f.Kr.]]), wie in [[Romeinske Ryk|Romeinsk]] [[toanielskriuwer]] fan [[Berbers|Berbersk]] komôf. Hy waard as [[slavernij|slaaf]] nei [[Rome (stêd)|Rome]] ta brocht en makke dêr furoare mei in seistal [[toanielstik]]ken. Neffens de tradysje stoar er jong.
 
==Libben==
Oer Terentius syn libben is net in protte bekend. Om te begjinnen is syn bertejier al omstriden; [[Aelius Donatus]], de [[auteur]] fan 'e ûnfoltôge ''Commentum Terenti'', miende dat er yn [[185 f.Kr.]] berne wie, wylst de [[histoarikus]] en [[ensyklopedy|ensyklopedist]] [[Fenestella]] hawwe woe dat er tsien jier earder te wrâld kaam, yn [[195 f.Kr.]] Foar 't neist leit oan dizze striidkwestje in simpele ferskriuwing te'n grûnslach, mar wat it goede jier is, is no net mear te efterheljen.
[[File:Portrait of Terence from Vaticana, Vat. lat.jpg|left|thumb|250px|In portret dêr't fan beweard wurdt dat it fan Terentius is (út 'e ''Codex Vaticanus Latinus 3868'', mooglik oerskildere fan in [[trêde iuw|trêde-iuwsk]] orizjineel).]]
 
It is mooglik dat Terentius yn [[Kartago]] berne waard, of yn it [[Griken|Grykske]] suden fan [[Itaalje]], as de soan fan in Kartaachske slavinne. Mar syn ''[[cognomen]]'' Afer wiist derop dat der in konneksje is mei it folk dat de Romeinen de ''Afri'' neamden, in lânseigen [[Lybje|Libyske]] stamme dy't nei-oan Kartago libbe (yn wat tsjintwurdich it westen fan [[Lybje]] is, deunby de [[Tuneezje|Tunezyske]] grins). Yn 'e tiid dat Terentius libbe, waarden de termen ''Afer'' en ''Afri'' nammentlik útslutend brûkt foar Libyske [[Berbers]] dy't net [[etnyske groep|etnysk]] [[Kartagers|Kartaachsk]] wiene (foar lju dy't dat wol wiene, waard de term ''Punicus'' brûkt). Yn letter iuwen, lykwols, begûnen de Romeinen eltsenien fan it westlik part fan 'e súdkust fan 'e [[Middellânske See]] mei ''Afer'' oan te tsjutten en ûntstie út dy term de namme [[Afrika]], earst foar in beskate Romeinske provinsje, en letter foar it hiele [[wrâlddiel]]. Sadwaande hat men dus beriddenearre dat Terentius in Berber west hawwe moat.
 
Hoe dan ek, hy waard ferkocht oan in Romeinske senator, in P. Terentius Lukanus, dy't him syn eigen namme joech en him in klassike oplieding bea. Neitiid wied er sa ûnder de yndruk fan Terentius syn feardichheden as [[toanielskriuwer]], dat er him syn frijheid skonk. Terentius skreau seis [[komeedzje]]s, dy't allegearre oerlevere binne, en dy't allegearre tusken [[170 f.Kr.|170]] en [[160 f.Kr.]] foar it earst opfierd waarden. It bekendste sitaat út syn wurk komt út it [[toanielstik]] ''Heauton Timorumenos'': ''"Homo sum; humani nihil a me alienum puto"'' ("Ik bin in minske; neat minskliks is my frjemd"), dat ek hjoed de dei noch, almeast mei weilitting fan it foarste sinsdiel en ferbûging fan 'e rest ("Neat minskliks wie him frjemd"), noch gauris yn hast alle Westerske talen brûkt wurdt.
 
Doe't er 25 (of 35) jier wie, ferliet Terentius [[Rome (stêd)|Rome]] om der nea werom te kommen. Neffens guon skriuwers út 'e [[Aldheid]] soed er op see de drinkeldea stoarn wêze nei't er skipbrek litte ûnderweis fan [[Grikelân]] werom nei Rome. Mar it is fansels likegoed mooglik dat er gewoan nei syn heitelân weromkeard is doe't er ienris syn frijheid wûn hie.