Plato: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L red
Rigel 6:
| echte namme = Πλάτων ("Platon")
| nasjonaliteit = [[Atene|Ateensk]]
| berne = [[428 f.Kr.|428]]/[[427 f.Kr.|427]] of [[424 f.Kr.|424]]/[[423 f.Kr.]]
| berteplak = [[Atene]] ([[Atene]])
| stoarn = [[348 f.Kr.|348]]/[[347 f.Kr.]]
| stjerplak = [[Atene]] ([[Atene]])
| etnisiteit = [[File:Flag of Greece.svg|20px]] [[Griken|Gryksk]]
Rigel 19:
| útjouwer =
| prizen =
| jierren aktyf = ±[[399 f.Kr.]][[348 f.Kr.|348]]/[[347 f.Kr.]]
| webside = ''n.f.t.''
}}
'''Plato''' ([[Attysk]] [[Aldgryksk]]: Πλάτων, ''Plátōn'', útspr.: ['platɔ:n], likernôch "platôn"; [[Atene]], [[428 f.Kr.|428]]/[[427 f.Kr.|427]] of [[424 f.Kr.|424]]/[[423 f.Kr.]] – dêre, [[348 f.Kr.|348]]/[[347 f.Kr.]]) wie in ien fan 'e trije grutte [[filosoof|filosofen]] út 'e [[Grikelân|Grykske]] [[Aldheid]], njonken syn master [[Sokrates]] en syn learling [[Aristoteles]]. Hy wie de stifter fan 'e ferneamde [[Platoanyske Akademy|Akademy fan Atene]], it alderearste ynstitút foar [[heger ûnderwiis]] yn 'e Westerske wrâld. Behalven op [[filosofy]] lei er him ek ta op [[wiskunde|wis]]- en [[natuerkunde]], en oars as syn foargonger Sokrates skreau er syn ideeën op, sadat se út 'e earste hân oerlevere binne. Plato wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e ynfloedrykste tinkers en de wichtichste filosoof út 'e [[minske|minsklike]] [[skiednis]], fral foar wat de Westerske filosofyske tradysje oanbelanget. Saakkundigen miene dat Plato syn oeuvre folsleine oerlevere is, wat unyk is foar in [[Aldgryksk]]e [[skriuwer]] dy't 2.400 jier lyn libbe.
 
==Libben==
===Jonkheid===
Oer Plato syn iere libben en oplieding is fanwegen it brekme oan oerlevere boarnen net folle bekend. Hy moat tusken [[429 f.Kr.|429]] en [[423 f.Kr.]] berne wêze yn [[Atene]], of mooglik op [[Aigina (eilân)|Aigina]], in [[eilân]] yn 'e [[Golf fan Aigina]]. Tradysjoneel wurdt foar syn berte [[428 f.Kr.|428]] of [[427 f.Kr.]] oanholden, mar dat is basearre op in dubieuze boarne, en in protte moderne [[histoarikus|histoarisy]] liket it wierskynliker dat er berne waard yn [[424 f.Kr.|424]] of [[423 f.Kr.]] Neffens de Aldgrykske skriuwer [[Diogenes Laertius]] waard Plato by syn berte Aristokles neamd; as dat wier is, dan is ûndúdlik wêrom't er letter de namme Plato oannaam, dat neffens Diogenes Laertius oarspronklik in bynamme wie (''platon'' betsjut "breed"), dy't Plato krige fan syn [[wrakseljen|wraksel]]trener.
[[File:Plato_Silanion_Musei_Capitolini_MC1377.jpg|left|thumb|180px|In búste fan Plato yn it Musei Capitolini te [[Rome (stêd)|Rome]].]]
 
Plato wie de soan fan [[Ariston (Atener)|Ariston]], dy't neffens in twifelige tradysje ôfstamme hawwe soe fan [[Kodrus]], in iere kening fan [[Atene]], en fan [[Melantus]], in kening fan [[Messeenje]]. Plato syn mem wie [[Periktione]], dy't besibbe wie oan 'e ferneamde Ateenske [[politikus]] en [[dichter]] [[Solon]]. Hja wie de suster fan [[Charmides]] en [[Kritias]], dy't beide lid wiene fan 'e [[oligargy fan de Tritich]], in [[diktatuer|diktatoriaal rezjym]] dat yn Atene yn [[404 f.Kr.|404]] en [[403 f.Kr.]] oan 'e macht wie nei't de stêd de [[Peloponnezyske Oarloch]] tsjin [[Sparta]] ferlern hie. Plato hie twa bruorren, [[Adeimantus fan Kollytus|Adeimantus]] en [[Glaukon]], en ien suster, [[Potone]], dy't letter de mem waard fan [[Speusippus]], Plato syn opfolger as haad fan 'e Akademy fan Atene.
 
Neffens in [[leginde]] soene har in kear op 'e lippen fan 'e sliepende poppe Plato [[bij]]en delset hawwe, wat in foarsizzing west hawwe soe fan 'e swietens fan syn lettere útspraken. Ariston liket stoarn te wêzen doe't syn soan Plato noch hiel jong wie, al is de krekte datum net bekend. Syn mem Periktione wertroude dêrnei mei har omke [[Pyrilampes]], de broer fan har mem, dat in foaroansteand [[diplomaat]] wie en in freon fan [[Perikles]], de lieder fan 'e oanhingers fan 'e [[demokrasy]] yn 'e Ateenske [[polityk]]. Mei Pyrilampes krige Periktione noch in soan, in healbroer fan Plato, dy't fan Antifon hiet. Letter soene al dizze famyljeleden fan Plato weromkomme yn syn wurk, dêr't Plato harren brûkt om lange diskusjes te fieren oer filosofyske ûnderwerpen.
Rigel 43:
 
===Folwoeksen libben===
It is goed mooglik dat Plato as jongeman alhiel nei [[Itaalje]], [[Sisylje]], [[Egypte]] en de [[Syrenaika]] reizge, allegear gebieten dêr't yn syn tiid [[Griken|Grykske]] [[koloanjes]] fêstige wiene. Nei't it skynt, kearde er yn [[387 f.Kr.]], doe't er fjirtich jier wie, yn Atene werom. Hy stifte dêr doe yn 'e Bosk fan Akademus, in eintsje bûten de eigentlike stêd, syn [[Platoanyske Akademy|Akademy]], wat it alderearste organisearre ynstitút foar [[heger ûnderwiis]] yn 'e Westerske wrâld wie. De namme fan 'e ynstelling soe komme fan 'e oarspronklike eigner fan 'e grûn, in Akademus, of mooglik fan in [[Akademus|âlde held mei dy namme]]. Yn elts gefal bestie de Akadeemje nei Plato syn dea fuort oant [[84 f.Kr.]], doe't de skoalle troch de [[Romeinen]] ûnder [[Lusius Kornelius Sulla]] ferwuostge waard. Oan it begjin fan 'e [[fyfde iuw]] (n.Kr.) waard de Akadeemje troch [[neoplatonisme|neoplatonisten]] weroprjochte, mar yn it jier [[529]] waard it ynstitút op lêst fan 'e [[Byzantynske Ryk|Byzantynske]] keizer [[Justinianus I]] foargoed sletten, om't de platonistyske wize fan tinken dy't dêr ûnderwiisd waard, [[heidendom|heidensk]] wêze soe en in bedriging foar it [[kristendom]] ynhâlde soe.
 
Plato syn lettere libben stie yn it teken fan syn bemuoienissen mei de Grykske stêdsteat [[Syrakûse]], oan 'e eastkust fan [[Sisylje]]. Neffens Diogenes Laertius besocht Plato dy stêd ûnder it regear fan tiran [[Dionysius I fan Syrakûse|Dionysius I]]. Dy syn sweager [[Dion fan Syrakûse|Dion]] ûntjoech him ta ien fan Plato syn dissipels, mar de tiran sels kearde him tsjin Plato fanwegen in skeel oer wat de ideäle steatsfoarm wie. De wiisgear moast dit aventoer suver mei de [[deastraf]] bekeapje, mar ynstee dêrfan waard er úteinlik as [[slavernij|slaaf]] ferkocht, wêrnei't er foar 20 mina's frijkocht en nei hûs stjoerd waard troch ien fan syn oanhingers, in Annisearis. Neffens Plato syn [[Sânde Brief (Plato)|Sânde Brief]] frege Dion him nei de dea fan Dionysius I om werom te kommen nei Syrakûse om syn omkesizzer [[Dionysius II fan Syrakûse|Dionysius II]] les te jaan yn filosofy, sadat er ien fan 'e filosofen-keningen wurde koe dy't Plato yn syn ''[[Politeia]]'' beskreaun hie. Dionysius fûn Plato syn lessen bêst genôch, mar hy wantroude syn omke Dion. Uteinlik ferballe er Dion, wylst er Plato tsjin dy syn wil fêsthold. Under ûndúdlike omstannichheden wist Plato letter lykwols dochs Syrakûse te ferlitten en nei Atene werom te kearen. Neitiid sette Dion syn omkesizzer ôf om in hoartsje sels tiran fan Syrakûse te wurden foar't er sels ek wer ôfset waard troch [[Kalippus fan Syrakûse|Kalippus]], in oare learling fan Plato.
Rigel 49:
 
===Ferstjerren===
Plato stoar nei alle gedachten yn [[348 f.Kr.|348]] of [[347 f.Kr.]], doe't er omtrint tachtich jier âld wie. Der bestiet in ferskaat oan boarnen oer syn ferstjerren, mar dy jouwe frijwol allegear in sterk ferskillend ferslach. Ien ferhaal, dat basearre is op in tige skeind manuskript, wol hawwe dat er op bêd lei doe't er stoar, wylst in jong [[Traasje|Trasysk]] famke foar him [[fluit]]spile. Neffens in oare tradysje, dy't Diogenes Laertius oanhelle, stoar er ûnder in feestmiel op in brulloft. [[Tertullianus]] skreau lykwols dat Plato gewoan yn syn sliep stoar.
 
==Plato as filosoof==