Marije Magdalena: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 9:
Marije Magdalena wie ien fan de froulju dy't Kristus en syn apostelen folge, wylst Kristus it bliid boadkip ferkundige. Neffens [[Evangeelje fan Lukas|Lukas]] 8:2 en [[Evangeelje fan Markus|Markus]] 15:47 hie Kristus earder by har sân demonen útband. De [[Bibel|Skrift]] jout fierder net folle ynformaasje oer Marije Magdalena, mar hja fersoarge mei in tal oare froulju Jezus en syn dissipels en bleau Jezus oant [[Jeruzalim]] folgjen.
 
Tegearre mei inkelde oaren seach Marije Magdalena op in ôfstân ta hoe't Jezus oan it krús stoar (Markus 15:40, [[EvangeelsjeEvangeelje fan Mattéus|Mattéus]] 27:56). It boek [[Evangeelje fan Jehannes|Jehannes]] (19:25) stelt dat Marije Magdalena tegearre mei Jezus' mem en Marije Klopas by it krús stiene. Marije Magdalena wie ien fan de froulju, dy't de grêflizzing bywennen (Markus 15:47 en Mattéus 27:61). Ek wie hja ien fan de froulju dy't trije dagen letter, op peaskesnein, nei it grêf reizge om it lichem fan Kristus te salvjen en ûntdiek dat it grêf leech wie. Yn it grêf troffen de froulju in ingel oan, dy't tynge die dat Jezus net dea wie en dy't sei wêr't Jezus te finen wie. Dêrnei ferskynde de Hear sels oan Marije Magdalena. Marije fertelde doe de oaren wat hja meimakke hie, mar it woe harren ynearsten net oan dat Jezus wer libbe (Markus 16:5-11).
 
Jehannes skriuwt oer it lege grêf dat der twa ingels oan Marije Magdalena ferskynden, nei't hja earder yn panyk guon apostels warskôge hie dat it lichem fan Jezus der net mear wie. As Marije Magdalena in andert jout op de fraach fan de ingels wêrom't hja sa oerémus is, heart hja de stim fan de man dy't hja yn it grêf socht. Hja sjocht en wol Him oanreitsje. Mar Jezus sei: ''reitsje my net oan, want ik moat noch opfarre nei myn Heit''. Dêrnei gyng Marije Magdalena nei de learlingen mei it boadkip dat hja de Hear sjoen hie (Jehannes 20:1-18).