Aiskylos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L red
Rigel 6:
| echte namme = Aiskylos (Αἰσχύλος) <br><small>(Aeschylus, Aischylos, Aiskulos)</small>
| nasjonaliteit = [[Atene|Ateensk]]
| berne = ±[[525 f.Kr.]]
| berteplak = [[Eleusis]] ([[Attika]])
| stoarn = ±[[455 f.Kr.]]
| stjerplak = [[Gela]] ([[Sisylje]])
| etnisiteit = [[File:Flag of Greece.svg|20px]] [[Griken|Gryksk]]
Rigel 19:
| útjouwer =
| prizen =
| jierren aktyf = [[499 f.Kr.|499]][[455 f.Kr.]]
| webside = n.f.t.
}}
'''Aiskylos''', '''Aischylos''', '''Aeschylus''' of inkeld ek wol '''Aiskulos''' (yn it [[Aldgryksk]]: Αἰσχύλος, Aischylos; ±[[525 f.Kr.|525]] – ±[[455 f.Kr.]]), wie in ferneamd [[Atene|Ateensk]] [[toanielskriuwer]] yn it âlde [[Grikelân]]. Hy wie de earste fan 'e trije grutte Aldgrykske trageedzjeskriuwers (de oare beide binne [[Sofokles]] en [[Euripides]]), en wurdt gauris beskôge as de geastlike heit fan it [[trageedzje]]sjenre. De hjoeddeiske kennis fan dy toanielfoarm giet werom op syn wurk, wylst oer de dêroan foarôfgeande tradysje inkeld bekend is wat der út syn stikken oer opmakke wurde kin. Yn Aiskylos syn likernôch tachtichjierrich libben skreau er santich oant njoggentich trageedzjes, mar dêrfan binne mar sân bewarre bleaun (en oangeande it auteurskip fan ien dêrfan, ''Prométeüs Bûn'', besteane al langere tiid twifels). De bekendsten fan syn oerlevere stikken binne ''[[Perzen (toanielstik)|Perzen]]'' en de ''[[Oresteia]]''-trilogy.
 
==Libben==
Der is net in protte bekend oer it libben fan Aiskylos, en wàt der bekend is, komt út boarnen dy't net botte betrouber binne. Hy moat yn [[525 f.Kr.|525]] of [[524 f.Kr.]] berne wêze, al is dy wittenskip fierhinne basearre op weromtellen fanôf syn earste oerwinning by de jierlikse toanielwedstryd ûnder it [[Feest fan Dionysus]]. Aiskylos wie yn elts gefal hikke en tein yn [[Eleusis]], in doarp dat tsjintwurdich likernôch 20 km noardwestlik fan 'e [[Grikelân|Grykske]] haadstêd [[Atene]] leit, yn westlik [[Attika]]. Hy kaam út in begoedige fermidden, en mooglik wie syn famylje lid fan 'e ''[[Eupatridae]]'', de âlde Attyske [[aristokrasy]], mar dat kin ek in optinksel fan lettere biografen wêze.
 
As jongfeint wurke Aiskylos yn 'e wyngerds oant de god [[Dionysus]] yn in dream oan him ferskynde en him opdroech om him ta te lizzen op it skriuwen fan [[trageedzje]]s. Alteast, dat skriuwt de [[twadde iuw|twadde-iuwske]] [[geografy|ierdrykskundige]] [[Pausanias (geograaf)|Pausanias]]. It is yn elts gefal dúdlik dat Aiskylos trageedzjes begûn te skriuwen, mar wat dêr de reden fan wie, sille wy nea witte. De opfiering fan syn earste stik fûn plak yn [[499 f.Kr.]], en hy wûn de toanielwedstryd[[toaniel]]wedstryd op it [[Feest fan Dionysus]] foar it earst yn [[484 f.Kr.]]
 
Yn [[490 f.Kr.]], doe't de [[Perzyske Ryk|Perzyske]] kening [[Darius de Grutte]] besocht en feroverje de Grykske stêdsteaten, waard it Perzyske leger yn 'e [[Slach by Maraton]] ferslein troch de Ateners en harren bûnsgenoaten. Aiskylos en syn broer Kynegeirus fochten by Maraton yn 'e Ateenske [[falanks]]; Aiskylos oerlibbe de slach, mar syn broer sneuvele doe't er de flechtsjende Perzen troch de weagen nei harren skippen hjitfolge. Yn [[480 f.Kr.]] focht Aiskylos wer mei, diskear tsjin [[Kserkses I]], yn 'e [[Slach by Salamis]] (en mooglik wied er ek behelle yn 'e [[Slach by Platéa]], yn [[479 f.Kr.]]). It hoecht dan ek gjin nij te dwaan dat de [[Perzyske Oarloggen]] in grutte rol yn Aiskylos syn wurk spylje. Syn toanielstik ''[[Perzen (toanielstik)|Perzen]]'', wêryn't de Slach by Salamis in wichtich plak ynnimt, is de iennichste oerlevere klassike trageedzje dy't oer resinte histoaryske foarfallen giet (en tsjinnet sadwaande nòch wol as histoaryske boarne, mei't Aiskylos de politike en militêre ûntwikkelings dy't er as eftergrûn brûkt út 'e earste hân koe).
 
[[File:Athen Dionysos-Theater.JPG|thumb|left|De ruïne fan it [[Dionysusteäter]], te [[Atene]], dêr't withoefolle fan Aiskylos syn [[toanielstik]]ken opfierd waarden.]]
Aiskylos wie in djip leauwich man, mei in ferheft byld fan 'e oppergod [[Seus]], dy't er yn syn stikken beskreau mei in ienfâldige earbiedigens dy't dy fan 'e [[bibel]]ske ''[[Psalmen]]'' net wanlyk is. Krekt as in protte Grykske manlju fan syn tiid wied er ek [[inisjaasjeriten|inisjearre]] yn 'e [[Mystearjes fan Eleusis]], in kultus dy't wijd wie oan 'e fruchtberensgoadinne [[Demeter]], en dy't fêstige wie yn syn eigen berteplak. Mei't de ynwijden fan dy [[mystearjereligy]] om dea swarre moasten dat se der neat oer útbringe soene, is de tsjintwurdige kennis dêroer tige beheind. [[Aristoteles]] fertelt lykwols dat Aiskylos yn ien fan syn toanielstikken beskate geheimen fan 'e kultus ferret hawwe soe. Oare boarnen wolle sels hawwe dat it publyk him op datseldichste plak deadwaan woe, mar dat er krekt op 'e tiid fan ruten spile. [[Herakleides fan Pontus]] beweart dat men him besocht te [[stiennigjen]], en dat er beskûl sykje moast efter it alter yn it orkest fan it [[Dionysusteäter]]. Doe't er neitiid terjocht stie, bearde er dat er de geheimen ûnbewust útbrocht hie, of mooglik dat er net witten hie dat it geheimen wiene. Yn elts gefal waard er frijsprutsen, mar dat skynt mear te krijen hân te hawwen mei syn status as feteraan fan Maraton as mei syn wurklike ûnskuld.
 
Yn 'e 470-er jierren reizge Aiskylos ien of twa kear nei [[Sisylje]], op útnûging fan [[Hiero I fan Syrakuse|Hiero I]], de [[tiran]] fan [[Syrakuse]], in wichtige Grykske [[koloanje]] dêre. Fan [[473 f.Kr.]] ôf wie Aiskylos, nei de dea fan syn wichtichste konkurrint [[Frynichus]] elts jier de favoryt by de toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus. Yn [[458 f.Kr.]] gied er noch in lêste kear nei Sisylje ta, wêrby't er de stêd [[Gela]], oan 'e súdkust, oandie. Dêre ferstoar er yn [[456 f.Kr.|456]] of [[455 f.Kr.]] De [[Romeinske Ryk|Romeinske]] anekdoateskriuwer [[Falearius Maksimus]] kaam yn 'e [[earste iuw]] mei it ûnwierskynlike ferhaal op 'e lapen dat Aiskylos bûten de stedsmuorren fan Gela omkaam doe't in [[earn]] syn keale plasse oanseach foar in gaadlike rots om in [[skylpodde]] op tepletter te smiten, en dat er, mei oare wurden, it slachtoffer waard fan in fallend [[reptyl]]. [[Plinius de Aldere]] foege dêr yn syn ''Naturalis Historiæ'' noch oan ta dat de ûngelokkige toanielskriuwer krekt bûtendoar ferkearde om in profesije te ûntrinnen dy't hawwe woe dat er troch in fallend foarwerp deade wurde soe.
 
Aiskylos stie yn Atene yn sok heech oansjen dat syn toanielstikken de iennichsten wiene dy't nei syn dea noch weropfierd wurde mochten op it Feest fan Dionysus. Syn soannen [[Euforion (toanielskriuwer)|Euforion]] en Euéon folgen yn har heite fuotstappen en waarden ek toanielskriuwers, mar koene har heite rom by lange nei net belykje. De ynskripsje op Aiskylos syn grêfstien sei neat oer syn karriêre as toanielskriuwer, mar ferwiisde ynstee nei syn meifjochtsjen yn 'e Perzyske Oarloggen: