Syrus de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
L red
Rigel 6:
| nasjonaliteit = [[File:Standard of Cyrus the Great (Achaemenid Empire).svg|15px]] [[Perzyske Ryk|Perzysk]]
| berteplak = [[Anshan (Perzje)|Anshan]]
| bertedatum = ±[[600 f.Kr.|600]][[576 f.Kr.]]
| stjerplak = oan 'e [[Syr Darja]]
| stjerdatum = [[530 f.Kr.]]
| funksje1 = Kening[[kening der keningen]] fan [[Perzyske Ryk|Perzje]]
| regear1 = [[559 f.Kr.|559]][[530 f.Kr.]]
| amtsperioade1 =
| foargonger1 = [[Kambyses I]]
| opfolger1 = [[Kambyses II]]
| funksje2 = Kening[[kening]] fan [[Meden|Meedje]]
| regear2 = [[549 f.Kr.|549]][[530 f.Kr.]]
| amtsperioade2 =
| foargonger2 = [[Astyages]]
| opfolger2 = [[Kambyses II]]
| funksje3 = Kening[[kening]] fan [[Babyloanje|Babylon]]
| regear3 = [[538 f.Kr.|538]][[530 f.Kr.]]
| amtsperioade3 =
| foargonger3 = [[Nabonidus]]
| opfolger3 = [[Kambyses II]]
}}
'''Syrus II''' ([[Aldperzysk]]: 𐎤𐎢𐎽𐎢𐏁, Kūruš; [[Perzysk|Nijperzysk]]: کوروش, Kūruš; ±[[600 f.Kr.]] of ±[[576 f.Kr.]][[530 f.Kr.]]), better bekend as '''Syrus de Grutte''' of '''Syrus de Aldere''', en yn 'e [[Bibel]] '''Koaresj''' neamd, wie in [[Perzyske Ryk|Perzysk]] kening en de stifter fan it [[Achémenidyske Ryk|Achémenidyske Perzyske Ryk]]. Under syn regear, fan [[559 f.Kr.]] ôf, wreide Perzje him út oant it alle eardere beskavings fan it [[Heine Easten]] omfette, mei grinzen dy't fan 'e [[Bosporus]] oant [[Ynje]] en fan 'e [[Sinaï]] oant de [[Kaukasus]] en [[Sintraal-Aazje]] rikten. It iennichste wichtige ryk fan it [[Midden-Easten]] dat er net ferovere, wie [[Egypte]], en it iennichste dat him dat belette, wie syn dea op it slachfjild oan 'e rivier de [[Syr Darja]], yn [[530 f.Kr.]]
 
Syrus de Grutte wurdt beskôge as de grûnlizzer fan 'e nasjonale identiteit fan it hjoeddeisk [[Iran|Iraan]]. Fan him is ek de saneamde [[Syrussylinder]] oerlevere, dy't wol beskôge wurdt as in iere [[minskerjochten|minskerjochteferklearring]]. Hy is hjoed de dei yn 'e Westerske wrâld it bekendst, om't er yn [[538 f.Kr.]], nei syn ferovering fan it [[Babyloanyske Ryk]], in ein makke oan 'e [[Babyloanyske Ballingskip]], sa't op ferskate plakken yn 'e Bibel fernijd wurdt, en de [[Joaden]] tastie en sels oanmoedige om werom te kearen nei harren heitelân. Mei dêrtroch oardielet de skiednis hiel geunstich oer him. Foar syn tiid fierde er in tige liberaal bewâld en hy wie ferdraachsum foar oare godstsjinsten oer, wat him úteinlik de bynamme "de Grutte" opsmiten hat.
 
== Jonkheid ==
Ynsafier't bekend is, is Syrus de Grutte itsij berne yn [[600 f.Kr.|600]] of [[599 f.Kr.]], itsij yn [[576 f.Kr.|576]] of [[575 f.Kr.]] Oer syn jonkheid is net in protte mei wissichheid te sizzen, al besteane der ferskate [[leginde|legindaryske ferslaggen]], wêrûnder ien fan 'e [[Grikelân|Grykske]] [[histoarikus]] [[Herodotus|Herodotus fan Halikarnassus]], dy't in ferhaal fertelt fan in prins dy't tige jong ûntfierd wurdt en yn 'e bergen grutbrocht wurdt troch pleechâlden om dan as folwoeksene werom te kearen en syn erfskip op te easkjen. Dy stoarje heart ta in hiel sjenre fan soksoarte teltsjes, mei dêrûnder bgl. it ferhaal fan [[Remus en Romulus]] en de stifting fan [[Rome]], en ek de leginde fan [[Oidipoes]] (sjoch: ''[[Kening Oidipoes]]''). Der sil miskien in kerltsje fan wierheid yn sitte, mar it is dreech om te witten wat men der krekt fan leauwe moat.
 
Yn elts gefal stamme Syrus úteinlik ôf fan [[Achémenes]] (Aldperzysk: Haxāmaniš), de stamheit fan 'e [[Achémenidyske Dynasty]], dy't tusken [[705 f.Kr.|705]] en [[675 f.Kr.]] oer it oarspronklike Perzje regearre, dat likernôch lykslein wurde kin mei de hjoeddeiske Iraanske provinsje [[Fars]] (yn 'e Aldheid: Pars; dêrfandinne "Perzen"). Achémenes syn soan, pakesizzer en oerpakesizzer, [[Teispes]], [[Syrus I]] en [[Kambyses I]], regearren nei him, en Syrus de Grutte wie syn oeroerpakesizzer, de soan fan Kambyses I.
 
De namme fan Syrus syn frou wie [[Kassandane]]. Sy stamme ek út it Achémenidyske Hûs, en wie de dochter fan in Farnaspes. Syrus en sy hiene fjouwer bern: [[Kambyses II]], [[Bardiya]], [[Atossa]] en in dochter wa har namme oft net oerlevere is. Dêrnjonken hie Syrus teminsten noch ien oare dochter, dy't [[Artystone]] hiet. Syrus en Kassandane dielden in grutte leafde en doe't hja stoar, waard der, neffens de ''[[Kronyk fan Nabonidus]]'', troch alle naasjes fan it Perzyske Ryk in perioade fan djippe rou yn acht nommen, yn it bysûnder yn [[Mesopotaamje]], dy't seis dagen duorre (identifisearre as [[21 maart|21]]-[[26 maart]] [[538 f.Kr.]]). It is wierskynlik, mar net wis, dat Syrus nei Kassandane har dea wertroude mei in frou út it keninklik hûs fan 'e [[Meden]]. Syn soan Kambyses II soe him opfolgje as kening fan it Perzyske Ryk (of: fan Meden en Perzen), wylst syn dochter Atossa troude mei [[Darius de Grutte]], in oare telch út it Achémenidyske Hûs, dy't Kambyses II opfolgje soe; sy waard sa de mem fan [[Kserkses I]], in pakesizzer fan Syrus de Grutte dus, dy't wer nei Darius de Grutte regearre.
 
== Regear ==
Hoewol't syn heit Kambyses I pas yn [[551 f.Kr.]] kaam te ferstjerren, waard Syrus de Grutte, sa't dat ûnder de Perzyske keningen wenst wie, al yn [[559 f.Kr.]], by it libben fan syn heit meiregearjend kening. Mar noch hy, noch syn heit wiene ûnôfhinklike hearskers: hja wiene fazallen fan 'e [[Medyske Ryk|Medyske]] kening [[Astyages]]. Yn 'e simmer fan [[553 f.Kr.]], lykwols, kamen de [[Perzen]], ûnder lieding fan Syrus, yn opstân tsjin 'e Medyske hearskippij. Dat it dêrby net gie om in nasjonale rebûlje, mar om in politikenien, docht bliken út it feit dat se dêrby stipe waarden troch in diel fan 'e [[Meden]] sels, oanfierd troch de legeroerste [[Harpagus]]. Yn [[550 f.Kr.]] foel Astyages yn harren hannen, en yn [[549 f.Kr.]] namen Syrus en Harpagus [[Ekbatana]], de Medyske haadstêd, yn. Dêrop naam Syrus de titel "kening fan Meedje" oan, al liet er fan [[546 f.Kr.]] ôf de titel "kening fan Perzje" foargean.
 
[[Ofbyld:Persia-Cyrus2-World3.png|thumb|left|350px|It [[Achémenidyske Ryk]] fan Syrus de Grutte werjûn oer de hjoeddeiske lânsgrinzen hinne.]]
Nei de ferovering fan it Medyske Ryk folge dy fan it [[Lydje|Lydyske Ryk]] yn [[Lyts-Aazje]]. Neffens de tradysje fan Herodotus en oaren foel [[Kroesus]], de kening fan Lydje, Syrus oan om't er Astyages wreekje woe, mar yn alle reedlikheid leit it mear foar de hân dat er syn buorlân yn ûnstjoer seach en besleat om fan 'e sitewaasje gebrûk te meitsjen troch Syrus guon grinsprovinsjes, of miskien wol hiel syn ryk, te ûntnaderjen. It is net alhiel dúdlik wannear't dizze oarloch plakfûn; Herodotus wol hawwe dat it yn [[547 f.Kr.|547]]-[[546 f.Kr.]] wie, mar moderne histoarisy liket dat ûnwierskynlik. Yn elts gefal moat it tusken Syrus syn ferovering fan Ekbatana, yn [[549 f.Kr.]], en syn ferovering fan [[Babyloanje]], yn [[538 f.Kr.]], west hawwe. Syrus en Harpagus sloegen de ynfaazje fan 'e [[Lydiërs]] werom, giene doe sels yn 'e oanfal en belegeren Kroesus yn syn haadstêd te [[Sardis]]. Kroesus hie om help stjoerd nei syn bûnsgenoaten, mar ear't dy fanwegen komme koene, fersloegen Syrus en Harpagus him definityf yn 'e [[Slach by Tymbra]], namen him kriichsfinzen en besetten Sardis.
 
Kroesus waard dêrnei meifierd nei Syrus syn haadstêd [[Pasargadee]] ta, en neffens ferskate (mar net alle) ferslaggen oansteld as riedsman fan Syrus. Fuort neitiid briek der in opstân út yn Lydje, dy't fluch de kop yndrukt waard troch Syrus syn legeroerste [[Mazares]]. De lieder fan 'e opstân, [[Paktyas]], flechte dêrop nei [[Ioanje]], it troch [[Griken]] bewenne part fan 'e westkust fan Lyts-Aazje, dêr't er in hierlingeleger op 'e foet hope te bringen. Mar Mazares efterfolge him en ferovere Ioanje, wêrby't er û.o. de Grykske stêden [[Magnesia oan de Meänder]] en [[Priëne]] ynnaam. Nei Mazares syn dea troch ûnbekende oarsaken, stjoerde Syrus Harpagus om him te ferfangen, en dy makke de ferovering fan Lyts-Aazje ôf troch [[Lysje]], [[Silysje]] en letter ek de [[Fenysje|Fenisyske stêdsteaten]] te oerweldigjen. Harpagus rûne dizze feroverings nei alle gedachten ôf yn [[542 f.Kr.]]
[[Ofbyld:Cyrus tomb.jpg|thumb|right|250px|De [[Grêftombe fan Syrus]], yn it [[Iran|Iraanske]] [[Pasargadee]], dy't sûnt [[2006]] op 'e [[Wrâlderfskiplist]] fan 'e [[UNESCO]] stiet.]]
 
Yn [[540 f.Kr.]] oermastere Syrus it keninkryk [[Elam]] en naam er [[Sûsan]], de haadstêd dêrfan, yn. Fuort dêrnei teach er op nei [[Mesopotaamje]], dat doedestiden yn 'e hannen wie fan it santich jier earder stifte [[Nijbabyloanyske Ryk]]. De ferovering dêrfan gie dat it slydjage, mei om't Syrus it belied opfette om ôfsûnderlik mei eltse Babyloanyske generaal te ûnderhanneljen, wat de kommandostruktuer fan it Babyloanyske leger slim ûndergroef. Uteinlik waard yn oktober [[539 f.Kr.]] troch in mûklist de haadstêd [[Babylon]] ynnommen en de lêste Babyloanyske kening, [[Nabonidus]], finzen nommen. De Babyloaniërs hiene, wat de oerhearske folken yn harren ryk oanbelange, in polityk fan deportaasjes fierd; Syrus de Grutte draaide dat, yn [[538 f.Kr.]], om en moedige de ballingen yn Mesopotaamje, mei dêrûnder de Joaden, krekt oan om wer nei har âlde heitelân werom te kearen. It wie in ferstannich belied, dêr't er withoefolle trouwe ûnderdienen mei wûn. Behalven Mesopotaamje hearden ek [[Aram]] ([[Syrje]]) en de rest fan 'e [[Levant]], oan 'e [[Sinaï|Sinaï-woastyn]] ta, by it Nijbabyloanyske Ryk; dy gebieten giene no mei oer nei it Perzyske Ryk.
 
It is net alhiel dúdlik wat der nei de ferovering fan Babyloanje krekt barde, mar yn elts gefal rekke Syrus yn oarloch mei de [[Massageten]], in oan 'e [[Skyten]] besibbe folk út Sintraal-Aazje. Neffens Herodotus besocht Syrus earst om harren keninginne, [[Tomyris]], oer te heljen om mei him te trouwen, en doe't se dat wegere, foel er har ryk binnen. By in alderfûleindichst treffen oan 'e rivier de [[Syr Darja]], yn [[530 f.Kr.]], litten de Perzen in gefoelige nederlaach en kaam Syrus de Grutte om. Syn lyk waard werombrocht nei syn haadstêd Pasargadee, dêr't noch altiten in tombe stiet, datearjend fan [[540 f.Kr.|540]]-[[530 f.Kr.]], dêr't fan sein wurdt dat it sines is.
 
{{boarnen|boarnefernijing=