Marije fan Betanië: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
Yn it evangeelje fan Jehannes spilet Marije in rol yn twa haadstikken. Jehannes skriuwt earst oer de opwekking fan [[Lazarus fan Betanië)|Lazarus]], de broer van Marta en Marije en makket fuort dúdlik dat it deselde Marije is dy't de fuotten fan Jezus salve en se mei har hier ôfdroege.
 
Doe't Lazarus slim siik wie, stjoerden de beide susters Jezus (dy't net mear yn Judea wie) in boadskipper mei it fersyk te kommen. As Jezus lang om let nei in tal dagen einliks by it hûs fan de sustersdoarp komtnaderet, rint Marta Him al klaagjend yn'e mjitte: "Wiene Jo no mar earder kommen, dan wie Lazarus net stoarn". Marije wachtet ôf en komt net earder as dat hja roppen wurdt troch Marta. Marije falt dan skriemend oan de fuotten fan Jezus en seit dan wurden dy't oerien komme mei de wurden fan Marta. Dochs is de reaksje fan Jezus op de froulju ferskillend. By Marta ropt Jezus op om te leauwen en te fertrouwen, wylst Jezus by Marije oandien is. As Jezus nei it grêf fan Lazarus giet jout Er Marta de opdracht om de stien wei te rôljen. Maar Marta twifelt en warskôget foar de stank, om't it lyk der al fjouwer dagen leit. Op'e nij ûnderwiist Er dan Marta dat hja leauwe moat (Jehannes 11:1-40).
 
Seis dagen foar Peaske komt Jezus op'e nij yn Betanië. Hy giet dan wer by sym freon Lazarus del. Marta wie drok mei de hûshâlding en it iten, wylst Lazarus en oaren harren by Jezus foegen. Marije kaam doe oansetten mei djoere nardusoalje en geat dat allegear oer de fuotten fan Jezus, sa't it hiele hûs swietrokich waard fan de parfum. Ferfolgens droege hja Syn fuotten ôf mei har hier. Dit joech oanlieding foar de lettere ferrieder [[Judas Iskariot]] om op te merken dat dy fergrimerij fan dizze djoere oalje better besteed wie oan de earmen. No wie Judas Iskariot de net sa earlike kashâlder, dy't hielendal net oan de earmen tocht mar foaral oan syn eigen ponge, om't hy geregeldwei wat ús de kas foar himsels weinaam. Jezus naam it foar Marije op en hiet de oaren om har gewurde te litten: "de oalje wie ornearre foar de dei fan myn begraffenis, de earmen ha jimme altiten om jim hinne mar Ik bin net altiten by jimme" (Jehannes 12:1-8).