91.088
bewurkings
(→Keppeling om utens: red) |
No edit summary |
||
[[Ofbyld:Sicco Mansholt (1967).jpg|thumb|250px|''Sicco Mansholt'' yn 1967]]
'''Sicco Leendert Mansholt''' ([[Ulrum]], [[13 septimber]] [[1908]] – [[Wapserveen]], [[29 juny]] [[1995]]) wie in
==
Mansholt kaam út in [[sosjalisme|sosjalistyske]] húshâlding fan Grinzer [[heareboer]]en, al wie syn mem in Friezinne fan [[It Hearrenfean]]. Syn heit [[Derk Roelof Mansholt]] en pake stipen foarfjochters sa as [[Multatuli]], [[Ferdinand Domela Nieuwenhuis|Domela Nieuwenhuis]] en [[Pieter Jelles Troelstra|Troelstra]].
== Ferset en ministerskip ==
Yn de oarlochsjierren wie Mansholt aktyf yn it ferset. Hy ferburch net allinnich ûnderdûkers yn de [[Wieringermarpolder]]; mar organisearre ek iten foar de westlike provinsjes. Mansholt waard daliks nei de [[befrijing]] út reden fan syn warberens yn it ferset lokoboargemaster fan de gemeente [[Wieringermar]],
In juny [[1945]] frege PvdA-premier [[Wim Schermerhorn]] Mansholt mei te dwaan oan it earste nei-oarlochske kabinet as minister fan Lânbou, Fiskerij en Fiedselfoarsjenning. Hy wie mei 37 jier de jongste minister. Hy wie oansteld fanwegen syn goede organisatoaryske kwaliteiten en hy waard frege om de fiedselfoarsjenning te beoarderjen, omdat der op dat stuit noch mar foar ien wike iten yn Nederlân wie. Mei in krêftich ynkeapbelied, frijwat strange fiedseldistribúsje en behearsking fan de priis slagge it him de situaasje te stabilisearjen. Hjirby spile ek mei dat syn neef [[Stephanus Louwe Louwes]] de lieding oer it noch goed funksjonearjende direktoraat-generaal fan de Fiedselfoarsjenning hie.
Mansholt hat
Mansholt hie it ekonomysk tij mei en krige mei dêrtroch mar in bytsje krityk, sels lof foar syn belied fan de boere-organisaasjes, dy't meast part wienen fan de kristlike partijen. Op kongressen fan de Pvda liet er wol dúdlik syn foarleafde foar de [[sosjalisme|socialistyske]] [[grûnpolityk]] blike, mar as lid fan it regear socht er altyd it kompromis. Yn de ministerried stie er foar syn boeresaak en gie er konfrontaasjes net út de wei. Bygelyks wienen de begruttingsûnderhannelingen tige wichtich foar him; syn úthâldingsfermogen yn dy saken wie hast legindarysk.
|