Hoarnstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 83:
Yn eastlik [[Skoatterlân]] wienen grutte stakingen yn [[1925]] en [[1932]]. De lêste wie frij grut en barde by ûntginningswurk yn it eastlike diel fan it doetiidske Skoatterlân. Der waarden mei de tram wol 38 [[fjildwachter]]s en manskippen fan de maresjesee oanfierd om 400 arbeiders de tagong ta it wurk te ûntsizzen. Der waarden 15 minsken arrestearre dy't letter [[Finzenis|finzenisstraffen]] fan 1 oant 3 moanne krigen. De stakingen gienen om it oerelean dat doe 24 sinten wie en de eask wie 30 sinten. In hate opsjenner wie doetiidsk Gaauwe Spanjer.
 
Troch ynin krante-atikel yn de krante de [[Telegraaf]], socialistisch keamerleden fan Skoatterlân yn de [[Twadde Keamer]], in Polygoon-filmke út 1926, presintaasjes mei glêsplaten waarden de tastannen lanlik bekend. De Opboukommisje (''Commissie voor de opbouw van Oost-Schoterland'') fan [[1928]]/[[1929]] is oprjochte nei besite fan [[Jan Kan|minister Kan]] yn [[1927]] en nei foarbyld fan [[Emmen]]. Doe binne der ek lânarbeidershuzen boud, wêrfan’t oan de Dekemawei en it Rogmonepaad noch in pear te finen binne. De [[Griene Krús]]post wie by de kristlike skoalle. De wyksusters en –baaksters fan it Griene Krús leinen tûzenen besiken it jier ôf oan siken, memmen yn ferwachting en minsken mei [[Tuberkuloaze|tbc]]. De memmen kamen mei har bern nei it konsultaasjeburo. Se krigen ek memmekursussen. Fan [[1932]] ôf hâlde ds. Retel aksjes wêrby't guod út hiel [[Nederlân]] ynsammele waard. It wie foar krystpakketten foar de minsken dy't yn in [[spitkeet|spithutte]] op de heide wennen of oan de wiken yn hoallen yn de liemen wâlen dy't meastentiids mei pealtsjes, planken en kisthout betimmere waarden. (de 'heidsjers' en de 'wyksters' of 'swarten'). De liemen wâlen by de wiken en lâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart binne wei helle en it heechfean der ûnder is mei baggelbakken ta turf makke.
 
De Kompenijsters waarden negearre troch omlizzende boeren en troch it doarp, mar ek troch oerheden en ynstânsjes Se moasten har mar rêde sa as se dat sels ek moasten. Dêrtroch koe de tastân lang bestean bliuwe. De Kompenijsters wiene in bysûnder folk: iepen en gjin blêd foar de mûle nimmend, koart foar de kop, net oanpast, rekalsitrant en destruktyf en soms krimineel, dranksuchtich en biddeljend en soms bern fan in mear manlju of ynteelt en berêstend yn har lot, mar ek grutskens, eigensinnich, selsredsum, dielend en ienigens. Mei ûnderwiis tichtby (ambachtsskoalle, buerthûs), wykferpleechsters en dokter op de motor nei de minsken, ôfbrânen fan spitketen en nije opbouwenten kaam ferbettering en de yntegraasje op gong. De weropbou mei fraach nei arbeid holp ek. Ek de lange ynset fan pleatslik foarmannen Jelle van Dam en Jochem Alberda dy't út de Kompenijsters kamen en yn it doarp wennen en in skeakel wiene tusken de Kompenijsters, it doarp en de boeren, de oerheden en ynstânsjes ha in grutte rol spiele. Sy pasten derfoar op dat regels oplein wurden en / of teplak settend wiene. Trochdat de Kompagnisjter lang net bestjoerd binne, is der in mentaliteit fan “it net bestjoeren" en mei-inoar oparbeidzje, saken oanpakke en klear krije. Stadichoan ha de Kompenijsters en it doarp en de boeren wat fan elkoar oernam en is der gjin ûnderskiet mear.