Hoarnstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 106:
 
Drinkwetter kaam út in put yn'e grûn. De muorren fan de put wiene opset mei turf. Turf suvert it grûnwetter. Dit wetter waard oppompt. Tee kin jo der net fan sette, dat wurdt blau, der komt in flues op it wetter troch de mineralen dy't der ynsitte (hurd wetter mei û.o. kalsium en magnesium) by in temperatuer boppe de 55°C in ferbining oangean mei stoffen yn de tee.
Wetter foar tee en kofje kaam út de reinwettersbak mei sêfter wetter, dat earst sean wurde moast omdat it fan it dak kaam en net suver wie. Ek foar ramen waskje waard it wetter út de reinwettersbak brûkt.
Earme minsken langs de wiken wosken en diene har behoefte yn it wetter en droken fan it wetter út de wiken.
 
Yn [[1911]] begûn de [[Nederlânske Tramwei Maatskippij|tram]] te riden tusken [[De Gordyk]] en [[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]], û.o. oer de Kapellewei. Mar earst moast der noch in brêge boud wurde oer de Kompanjonsfeart. Dit waard de saneamde 'Betonbrêge'. Foar dy tiid wie it in hiel nij ûntwerp. It moat ien fan de earste betonnen brêgen fan Nederlân west ha. [[Beton]] wie in materiaal dat noch net folle tapast waard. Der kamen spesjaal minsken út it westen om lieding te jaan. Boppedat waard der noch in wyk groeven om foar te kommen dat der op koarte ôfstân noch in brêge boud wurde moast. Dy betonbrêge wie de ienichste fêste brêge oer de Kompanjonsfeart mei in hege trochfarhichte. Oan in hege betonbrêgge hoegde neat mear oan dien te wurden en koe ek sûnder it draaiwyfke. Al mei al wie it goedkeaper as in draai. De betonbrêge is mei doel boud op in plak wer de grûn heech en sterk genôch wie foar sa'n konstruksje. De tramferbining is yn [[1962]] ophâlden. De trambaan is begjin sechstiger jieren fan de 20e iuw opromme. Yn 2011 is it hûndert jier betocht mei in lêzing yn Tsjerkje 1621 fan Hoarnstersweach. By de betonbrêge stie it betonhûs. Dêr wennen minsken dy't de ramen en de doarren der úthelle hiene.