Sturt: ferskil tusken ferzjes

3.691 bytes grutter ,  6 jier lyn
L
Bewurkings fan "185.106.154.190" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "HakanIST".
(FAZANT)
L (Bewurkings fan "185.106.154.190" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "HakanIST".)
[[File:Lemur catta2.jpg|right|thumb|250px|In [[ringsturtmaky]], in [[soarte]] dy't bekend stiet om syn lange en beweeglike sturt.]]
In '''sturt''' is in nei efteren, nei ûnderen of nei boppen ta (ôfhinklik fan 'e lichemshâlding) útstykjend lichemsdiel fuort boppe de [[anus]], dat foarkomt by in protte [[bisten]]. De [[anatomy]] en de uterlike skaaimerken fan sturten fariëarje tige by tige. Ferbân hâldend mei de opbou fan 'e rest fan it lichem en it [[biotoop]] wêryn't it oangeande bist foarkomt, kinne sturten adaptearre wêze foar utilitêre, definsive en/of sosjale doelen.
 
==Soarten sturten==
FAZANT
By in [[plomsturt]] (sa't bgl. [[iikhoarntsje]]s dy hawwe) stiet it [[hier (begroeiïng)|hier]] wiid útinoar, wat de sturt in [[dûns (fearren)|dûnzich]] oansjen jout, sadat der in skerm-effekt ûntstiet. In [[wipsturt]] is folle behindiger, en wurdt fanwegen syn synjaalfunksje (lykas by [[harteftigen]]) soms ek wol in "flagge" neamd. In [[ringsturt]] is lang en fertoant yn 'e behierring kleure ringen, sa't dat by de [[ringsturtmaky]], de [[waskbear]] en de [[lytse panda]] it gefal is. In [[pronksturt]], sa't in protte [[fûgels]] hawwe (lykas de [[pau]] en de [[fazant]]), is eins net in anatomyske sturt, mar in ûnderdiel fan it [[fear (fûgels)|fearreklaad]]. In [[grypsturt]], ta einbeslút, is in sturt dy't tige sterk en beweeglik is, en dêr't bisten (lykas in protte soarten [[apen]]) har by it klimmen yn 'e [[beam]]men mei fêsthâlde kinne oan tûken.
 
==Funksjes==
In protte bisten dy't fan natuere yn beammen klimme, brûke har sturt om it lykwicht te hâlden, net inkeld by it klimmen mar faak ek by it springen fan beam nei beam. By sokke soarten hat de sturt him gauris ûntwikkele ta in grypsturt, wêrby't se har mei it útein fêsthâlde kinne. Fierders kinne sturten ek brûkt wurde ta stipe fan it lichem as in bist him op 'e [[poat|efterpoaten]] oprjochtet (wêrby't de sturt dus in soarte fan trijepoat foarmet mei de efterpoaten). Dit komt bgl. foar by [[kangoeroe]]s, [[stôksturtsje]]s en ferskate soarten [[kjifdieren]].
[[File:Scorpion tail.jpg|left|thumb|200px|De sturt fan in [[skorpioen]], mei in [[gifstikel]] deroan.]]
 
Bisten dy't yn groepen libje, brûke de sturt faak om mei te kommunisearjen; sa jouwe in protte [[harteftigen]] der in alaarmsynjaal mei, wylst [[hûn]]en dermei slane om blidens mei oan te jaan, en [[kat]]ten de sturt grou meitsjen troch it hier oerein te setten om agresje oan te jaan. De fearresturten fan fûgels wurde foar it meastepart brûkt as roer by it fleanen, mar by guon soarten (lykas de [[pau]] of de [[paradysfûgel]]) hawwe se har by de mantsjes ûntjûn ta in pronksturt dy't mear swierrichheden as help opsmyt by it fleanen of sweven, en inkeld bedoeld is om yn 'e [[peartiid]] wyfkes te ymponearjen.
 
Ek wurde sturten wol brûkt as wapen. Sa kinne [[krokkedillen]] en [[faranen]], mar ek [[kangoeroe]]s, har sturt as in gefaarlik slachwapen ynsette, wylst der by [[skorpioen]]en in [[gifstikel]] oan 'e útein sit dêr't se har [[proai]]en mei deadzje en harsels mei ferdigenje. In lichtere foarm fan dit gebrûk as wapen komt foar by [[ko|kij]] en [[hynder]]s, dy't troch mei de sturt te slaan [[mich|miggen]] en oar bitend ûnrant besykje te ferjeien. By [[slangen]] is de sturt mar kwealk fan it lichem te ûnderskieden en wurdt er ornaris brûkt foar fuortbeweging, mar [[rattelslange]]n hawwe in stikmannich losse hûdrattels oan 'e útein fan 'e sturt dêr't se mei rattelje om te warskôgjen as se har bedrige fiele.
 
De [[minske]] hat allinne mar in [[rudimintêr (anatomy)|rudimintêre]] sturt, de nutteleas wurden [[sturtbonke]], ek wol bekend as de stút of steupert.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Tail ''References'', op dizze side].
----
{{commonscat|Tails}}
}}
 
[[Ofbyld:Phasianus colchicus (Common pheasant) male, Texel, the Netherlands - 2.jpg|thumb|FAZANTENHOOFD\
]]
[[Ofbyld:Fazant.jpg|thumb|FAZANT]]
[[Kategory:Anatomy]]
65

bewurkings