Izaäk (aartsfaar): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|300px|It offerjen fan Izaäk (Isaac Cigoli) '''Izaäk''' ((Hebrieusk: יִצְחָק; betsjutting: hy laket)) wie neffens it bibelboek G...
 
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 14:
[[File:Tissot Rebecca Meets Isaac by the Way.jpg|thumb|left|250px|Rebekka moetet Izaäk ([[James Tissot]])]]
==== Rebekka ====
Nei de dea fan Sara stjoerd Abraham syn tsjinner, nei alle gedachten deselde man as Eliêzer út Genesis 15:2, nei it lân dêr't Abraham weikaam. Hy krige de opdracht om dêr in frou foar Izaäk te sykjen, om't Abraham leaver net in Kanaänityske frou foar Izaäk hie. By de stêd HaramHaran oankommen, bidde de tsjinner by in wetterput om in teken te jaan hokker frou foar Izaäk ornearre wie. De frou dy't him en syn kamielen te drinken jaan soe, soe dan de frou wêze moatte dy't de Heare oanwiisd hie foar Izaäk. Hy wie noch niet klear mei syn gebed en dêr kaam al in frommiske de stêd út. Hja joech de man te drinken en dêrnei sei se dat se mear wetter helje soe om ek de kamielen te drinken te jaan. Har namme wie Rebekka en it die blieken dat it in pakesizzer wie fan Nachor, de broer fan Abraham. Doe't har heit Bêtuel en har broer Laban begrepen dat de saak "fan de Heare útgyng", joegen hja tastimming om Rebekka mei te nimmen en de frou te wurden fan Izaäk. Nei in lange tocht kaam de karavaan tsjin de jûn oan en Rebekka seach de doe fjirtichjierrige Izaäk al yn it fjild de karavaan yn'e mjitte kommen. Hja die neffens gebrûk in sluier foar en nei't de tsjinner Izaäk op de hichte stelde, naam Izaäk Rebekka mei de tinte fan Sara yn en naam har dêr. Rebekka waard syn frou en hy krige har leaf. Oars as Abraham en Jakob hie Izaäk mar ien frou en fierder gjin byfrouwen (Genesis 24).
==== Jakob en Ezau ====
Krekt as Sara bleau Rebekka lang sûnder bern. It duorre noch tweintich jier doe't Rebekka lang om let dochs noch bern krige: de twilling [[Ezau]] en [[Jakob]]. Al tidens it swierwêzen tsierden de bern meiïnoar en God ûnthiet Rebekka dat de âldste de jongste tsjinje soe en dat har skurte twa naasjes fuortbringe soe. As earste waard Ezau berne, en dêrnei Jakob, dy't tidens de berte mei syn hân de hakke fan Ezau fêst hold. De beide jonkjes wienen folslein ferkillend. Ezau wie rûch yn't hier en rossich en mocht graach bûten wêze, wylst Jakob leaver binnen yn de tinte by syn mem bleau. Izaäk hold it meast fan de âldste, Rebekka it meast fan de jongste (Genesis 25).