Swannerjocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
[[Ofbyld:Mozzercork - Heart (by).jpg|thumb|''Swannen'']]
== Swannerjocht yn Fryslân ==
Yn de [[Midsiuwen]] wienen it yn Hollân de greven dy't it swannerjocht hienen. Yn Fryslân mochten eallju mar ek de frije boeren it rjocht hawwe om swannen te hâlden. Yn [[1399]] waard yn it soen fan [[Albrecht fan Beieren]] mei de Friezen fêstlein dat 'elc man zwanen ende Vogelen te houden nae synre genuechte'. Om 1500 stelde [[Albrecht fan Saksen]] de eask dat 'alle die swaenen den hertog zouden worden toegewezen' mar dêr gienen de friezen net mei akkoard. Wol wurdt foar it earst in plomgreve oansteld ta tafersjoch hâlde moast op de swannehâlderij. Oer it rjocht op swannerjocht waarden sels rjochtssaken hâlden. Yn [[1740]] waard der in konflikt foar it Hof yn Ljouwert tusken Jacob Tjallings en de famylje Nijdam, de eigeners fan Douma- of Ludringastate ûnder Akkrum. Jacob Tjallings hie as meier fan de [[Beslingastate]] yn [[Friens]] de soarch foar de swannen yn dat jachtgebiet. Trije jonge swannen wienen ôfdreaun en Jacob dreau se dêrom werom nei de slotgrêft fan Beslinga. De famylje Nijdam (Claes, Nenke en Sibbeltie) betwiste Jacob it eigendom fan de swannen, mar de rjochter stelde Jacob Tjallings yn it gelyk. De grinzen fan de swannejachtenwienen ek net skerp ôftekene.<ref>“Friens en de Van Sytzama’s” van D. J. van der Meer (side 17 en 18). Fuotnoat: sjoch fierder RAL, Hof van Friesland, SS 677, dossier 14. </ref>
 
Yn de Súdwesthoeke wie de swannehâlderij wat fan de gewoane man mar yn [[Eastergoa]] hienen allinnich de eallju it rjocht. De jurist [[Botte fan Holdinga]] út [[Eanjum]] skreau tusken 1564 en 1570 yn syn 'De origine antiquitate et situ Phrisiae' dat de famyljs Cammingha, Eisinga, Tjaerda en Holdinga de rjochten dêr yn hannen hienen. <ref>Tsj. Gs. de Vries 'It boek fan de swan, swannejacht en swannemerken yn Fryslan'</ref>. Yn Noardeast Fryslân wienen folle minder foarbylden:
* [[Burgum]]: [[Groustins]]state, Sminia
* [[Dantumawâld]]: [[Botniastate (Damwâld)|Botniastate]], [[Doniastate (Damwâld)|Doniastate]]
Rigel 14:
* [[Hallum]]: Tjaerda
* [[Ie]] ([[Ald Terp]]): [[Obbemastate]] <ref> 3 july 1766: ''Finale palmslag van Obma-State, een heerlijke boerehuizinge met vrije zwanejacht te Ee, thans in huringe bij Tiete Jans''. Kroniek van Friesland, G. Wumkes - </ref>
* Rinsumageast: [[Eysingastate (Rinsumageast)|Eysingastate]], [[Tjaardastate (Rinsumageast)|Tjaerdastate]]
 
De famylje Kingma hat troch it swannerjocht en in swan yn it famyljewapen en is ferbûn mei de famylje Fogelsangh. De famylje Fogelsangh yn Boerum (op [[Eysingastate (Boerum)|Eisingastate]]) en yn Feankleaster op [[Fogelsanghstate]] hienen ek it swannerjocht. Yn it [[Frysk Museum]] is noch in orizjinele sulveren swannering mei it wapen Fogelsangh (1647). Dêrop stie ek noch in swan ôfbylde. <ref>Reinder Postma, Douwe van der Meer en Kees Kuiken over de familie Fogelsangh en hun zwanenrecht, Van Fûgelsang tot Fogelsanghstate</ref>.
 
== Swannerjocht yn Grut-Brittanje ==