Ferskil tusken ferzjes fan "De Twa Tuorren"

L
red
L (→‎Boek IV: red)
L (red)
{{Plotbedjer}}
Dy oarken, dy't yn 'e tsjinst steane fan 'e ta it kwea ferlate tsjoender Saruman, witte de râne fan it wylde wâld fan Fangorn te berikken, mar krekt foar't se ûntkomme kinne, wurde se dêr omsingele en ferdylge troch in ôfdieling ruters fan Rohan. Yn 'e gaos fan it gefjocht witte Merten en Pepyn yn harren elvemantels, dy't it each ferrifelje, nei it wâld ta fuort te glûpen. Dêr moetsje se de [[int (mytysk wêzen)|int]] Beamburd, in beammige reus mei wa't se befreone reitsje. Se fertelle him wat harren oerkommen is en dat ferhaal blykt krekt de drip te wêzen dêr't de amer fan oerrint. De oarken fan Saruman kapje der nammentlik yn it lêstoan mar yn it wylde wei yn om yn Fangorn, ta grutte grime fan 'e inten. Mar mei it nijs dat Merten en Pepyn him bringt, beslút Beamburd dat it no einlings en te'n lêsten tiid wurdt om Saruman tsjin te hâlden; hy ropt in gearkomste fan inten byinoar en oertsjûget de oaren fan syn gelyk. Mei Merten en Pepyn by harren sette de inten ôf nei Saruman syn bolwurk te Isengard.
[[OfbyldFile:Tolkien 1916.jpg|rightleft|thumb|200px180px|[[John Ronald Reuel Tolkien]] yn [[1916]].]]
 
Aragorn, Legolas en Gimli treffe ûnderwilens de Rohirrim dy't de oarken ferdylge hawwe, en dy't oanfierd wurde troch Éomer, de omkesizzer fan 'e Rohander kening Théoden. Dy fertelt harren dat hy en syn mannen taal noch teken fan 'e beide hobbits sjoen hawwe, mar oan 'e râne fan Fangorn wit Aragorn hobbitprinten te ûntdekken, dy't it wâld yn liede. Hy en syn beide maten folgje dat spoar en moetsje dan in âldman wêrfan't se earst miene dat it Saruman is, mar dy't letter Gandalf blykt te wêzen. De tsjoender Gandalf wie de liedsman fan harren selskip, dy't yn 'e Minen fan Moarje by in gefjocht mei in demoanyske balroch yn in djippe kleau fallen is en dy't se sadwaande dea waand hiene. Mar Gandalf fertelt harren no dat er ynstee troch fjoer en wetter en hichte en djipte gien is om lottere en grutter as tefoaren wer foar 't ljocht te kommen.
===Boek IV===
Nei't se by Rauros harren selskipslju efterlitten hawwe, reizgje Frodo en Tabe súdoan troch de woeste lânsdouwen eastkant de Grutte Rivier, op harren kweeste nei it dûnkere lân Mordor, dêr't se de Iene Ring yn 'e fjurren fan 'e Doemberch smite moatte om him te ferneatigjen. Se ûntdekke dat se efterfolge wurde en fange it trochferkearde wêzen Gollum, dat harren al fan har trochtocht troch de Minen fan Moarje efternei sit. Gollum, dy't de ring iuwenlang yn besit hie en der alhiel troch ferwrongen is, wol op 'e iene of oare manear de ring werom sjen te krijen, mar de beide hobbits kin er net oan, dat hy besiket by Frodo yn 'e geunst te kommen, yn 'e hope dat er him sa ferrifelje en úteinlik de ring ûntnaderje kinne sil. Tabe hat in ôfwearze fan it wêzen, mar Frodo hat begrutsjen mei him. Gollum biedt oan om harren nei Mordor te lieden fia in geheime wei troch de Deademanssompen, sadat se net opmurken wurde sille troch oarken. As Gollum syn wurd neikommen is, arrivearje se by de Swarte Poarte, de iennichste pas yn 'e berchrigen dy't Mordor omjouwe, en treffe dy sletten en swierbewekke oan.
[[Ofbyld:Tolkien 1916.jpg|right|thumb|200px|John Ronald Reuel Tolkien yn [[1916]].]]
 
Gollum fertelt harren dan fan in oare, geheime tagong ta Mordor, en mei him as gids reizgje se fierder súdoan, by de Skaadbergen lâns dy't de westgrins fan Mordor foarmje. Dêrby komme se troch it lân Ithilien, dat foarhinne in provinsje fan Gondor wie, mar no in ferlitten woastenije is. Se wurde dêr oanholden troch in groepke Gondoreeske grinsjagers dy't op in ferkenningstocht binne. Harren oanfierder blykt Faramir, de jongere broer fan Boromir, te wêzen. Fan him kriget Frodo de tynge fan Boromir syn dea te hearren, dêr't Faramir in dream oer hân hat. Tabe lit by fersin slûpe dat Frodo de Iene Ring by him hat, en Frodo fertelt Faramir dan it hiele ferhaal mar. Faramir lit harren gean en har reis fuortsette, mar warskôget Frodo om net tefolle op Gollum te betrouwen.
[[File:Liuwe Westra (Haye Bylstra, Tresoar, Ljouwert).jpg|right|thumb|180px|[[Liuwe H. Westra]], dy't de [[Frysk]]e [[oersetting]] fan it [[boek]] makke.<br><small>(Foto: Haye Bylstra, [[Tresoar]])</small>]]
 
Gollum liedt Frodo en Tabe by de nuodlike stêd Minas Morgul lâns, dy't al sûnt minskewitten yn 'e hannen fan 'e fijân is, en by de lange, hege en gefaarlik steile Treppen fan Cirith Ungol op, dy't yndie tagong jout ta in pas oer de Skaadbergen. Mar wat Gollum net ferteld hat, is dat it paad troch it leger fan Shelob liedt, in reuseftige spinne. Hy hopet de ring fan Frodo syn bonken helje te kinnen nei't Shelob de hobbits bepluze hat. De hobbits ûntkomme út it leger, mar meitsje dan de flater om te tinken dat se feilich binne. Shelob beslûpt Frodo en stekt him yn 'e nekke, en hy falt bewegingsleas del. Tabe, dy't syn master net te help komme koe om't Gollum him op 'e hûd sprongen wie, weeft mei it ellindige wêzen ôf en folget dan de spinne as dy Frodo werombringt nei har leger. Dêr ferdriuwt er Shelob troch har te ferwûnjen mei Frodo syn elveswurd, Stek. Hy mient lykwols dat Frodo dea is en lit it yn him omgean om 'e kweeste gewurde te litten en him ynstee op Gollum wreekjen. Uteinlik beslút er dochs om 'e kweeste te foltôgjen en kriget er Frodo de ring ôf. Mar dan wurdt Frodo syn lichem troch oarken meinommen nei de wachttoer yn 'e pas fan Cirith Ungol. Tabe docht de ring om (sadat er ûnsichtber wurdt) en folget de oarken, en wurdt út harren praat gewaar dat Frodo net dea, mar bewusteleas is. ''De Twa Tuorren'' einiget as it besef ta Tabe trochkringt dat syn master troch syn skuld no in finzene fan Sauron is.