'''Skouwen-Duvelân''' ([[Nederlânsk]]: ''Schouwen-Duiveland''; [[Siuwsk]]: ''Schouwen-Duveland'') is [[eilân]] en in [[gemeente (bestjoer)|gemeente]] yn it noarden fan 'e [[Nederlân]]ske [[provinsje]] [[Seelân]]. Dizze krite bestiet út in fjouwertal eardere, oaninoar groeide eilannen. By de [[Wettersneedramp fan 1953]] wie Skouwen-Duvelân it slimst troffen gebiet. Mei it reekommen fan 'e [[Brouwersdaam]], yn [[1972]], waard it isolemint fan it eilân beëinige. Neitiid ûntjoech it him ta in sintrum fan [[toerisme]] en [[wettersport]]. Yn [[1997]] waard Skouwen-Duvelân troch in proses fan gemeentlike weryndieling ta ien inkele [[gemeente (bestjoer)|gemeente]]. It [[haadplak]] is [[Sieriksee]].