Nasjonaliteit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
 
Rigel 2:
 
==Normale sitewaasje==
Minsken hawwe oer it algemien de nasjonaliteit fan 'e steat dêr't se yn berne binne. In útsûndering dêrop komt foar as immen berne is as de [[soan]] of [[dochter]] fan twa [[Alden|âlden]] út lân A, wylst dy (of allinnich de [[mem]]) op 'e tiid fan 'e berte foar in fêste (meastal koarte) perioade yn lân B ferbleaune (bgl. om't se dêr op [[fakânsje]] wiene, in stúdzje folgen of op in [[wurkfisum]] talitten wiene). Yn sa'n gefal sil it bern tsjintwurdich oer it algemien inkeld de nasjonaliteit fan lân A hawwe, ek al is it yn lân B berne. Foarhinne wie dat net sa; doe't [[prinsesse]] [[Margriet fan de Nederlannen|Margriet]] ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]] berne waard wylst har mem, de lettere [[keninginne]] [[Juliana fan de Nederlannen|Juliana]], yn [[ballingskip]] yn [[Kanada]] ferkearde, is dêrfoar spesjaal tydlik in stikje Kanadeesk grûngebiet oan 'e [[Nederlân]]ske steat oerdroegen, sadat de prinsesse de Nederlânske (en net de Kanadeeske) nasjonaliteit hawwe soe.
 
==Besibbe begripen==