Nes (It Hearrenfean): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
heite
Rigel 3:
| flagge = Flagge fan Nes-Boarnsterhim.gif
| wapen = Wapen fan Nes (Boarnsterhim).jpg
| lokaasje = LocatorMap map- ofNL Akkrum- Municipality code 0074 (2014).png
| gemeentenamme= [[It Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]]
| teljier = 2010
Rigel 17:
== Skiednis ==
[[Ofbyld: Klokkenstoel Nes 06w.JPG|125px|left|thumb|Klokkestoel Nes-Akkrum]]
Nes is ûntstien op in [[terp]] oan de noardkant fan de [[Boarn]], eastlik fan de [[Nesker Sylroede]]. Op dy terp stie fan [[1228]] oant [[1580]] it [[Nesker Konvint]], in kommandijkommanderij fan de [[Dútske Oarder]]. Nei dy tiid ferfoel it gebou. Yn de [[18e iuw]] wie dat sa slim wurden dat men om 1800 hinne de klok oerbrocht nei in apart klokhús. Op de terp binne no allinnich noch it klokhús en it tsjerkhôf oer.
 
Oant yn de [[19e iuw]] lei it grutste part fan it doarp westlik fan de terp, by de Neskersyl, yn de hoeke tusken Boarn en Sylroede. Mar yn de [[20e iuw]] hat der in grutte útwreiding west oan de súdkant fan de Boarn, en oan it begjin fan de [[21e iuw]] is oan de westkant fan de Sylroede de grutte útwreiding [[Boarnstee]] byboud, dat it doarp is min-ofte-mear nei [[Akkrum]] ta ferplakke. Nes wie oant de [[gemeentlike weryndieling]] fan [[1984]] part fan de eardere gemeente [[Utingeradiel]].