Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
Rigel 12:
 
==Boergonje==
[[Ofbyld:Aleid van Poelgeest.jpeg|thumb|Gravuere fan [[Reinier Vinkeles]] en [[Jacobus Buys]] út 1794. ''Jonkfrou [[Aleid fan Poelgeest]] yn de nacht deadien fan Hoekske soldaten, 22 septimber 1392''.]]
Fan 1417 ôf (it ferstjerren fan greve [[Willem VI fan Hollân|Willem VI]]) gie de striid mear tusken foarstanners (Kabbeljauwen) en tsjinstanners (Hoeken) fan [[Hartochdom Boergonje|Boergonje]]. Greve Willem VI waard opfolge troch syn dochter Jacoba fan Beieren. Net sûnder reden wurdt wol beweard dat sy de flater makke te iensidich op de Hoekske partij te lynjen, wêrtroch sy har, as frou dochs al swakke posysje noch fierder ferswakke. Har omke fan [[Prinsbisdom Luik|Luik]], [[Jan fan Beieren]], liet dan ek syn oanspraken op de macht yn Hollân jilde en keas partij foar de Kabbeljauwen, dy’t yn kloften nei him oerrûnen. Yn [[1418]] oermastere Jan fan Beieren Rotterdam, dat nei it ferstjerren fan Willem VI partij keazen hie foar Jacoba fan Beieren en yn 1420 Leien. Jan fan Beieren ferstoar yn [[1425]] en waard opfolge troch Hartoch fan Boergonje (Filips de Goede).