Kriichsfinzene: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 2:
In '''kriichsfinzene''' of '''kriichsgefangene''' is in persoan dy't troch in partij yn in [[oarloch|wapene konflikt]] [[finzenisstraf|finzen]] holden wurdt ûnder of drekt nei datselde konflikt. Sa'n persoan kin sawol in lid fan 'e (wapene) tsjinpartij wêze as in [[non-kombatant]], immen dy't net aktyf oan it konflikt dielnommen hat mar der, yn 'e regel tsjin syn of har wil, dochs by belutsen rekke is, bgl. om't it konflikt yn syn/har wenkrite útfochten wurdt.
 
Partijen dy't dielnimme oan in [[oarloch]] hâlde kriichsfinzenen fêst fanwegen in breed skala oan legitime en yllegitime redens, lykas om derfoar te soargjen dat fersleine fijanlike soldaten har net op 'e nij by itde leger[[kriichsmacht]] fan 'e fijân jouwe, om útdrukking te jaan oan 'e eigen oerwinning, om fijanlike kombattanten te ferfolgjen en te bestraffen foar [[oarlochsmisdie]]den, om harren te eksploitearjen foar [[twangarbeid]], om har op frijwillige of ûnfrijwillige basis te [[ronseljen]] foar tsjinst yn it eigen [[leger]], om [[militêr]]e en [[polityk|politike]] ynljochtings fan harren los te krijen, of om harren te [[yndoktrinaasje|yndoktrinearjen]] mei nije [[polityk|politike]] of [[religy|religieuze]] ideeën.
 
==Skiednis==