Ester (bibelsk persoan): ferskil tusken ferzjes

L
red+kat
(Nije Side: thumb|300px|Keninginne Ester neffens in skilderij fan Edwin Long, 1878) '''Keninginne Ester''' (Hebriuwsk: אֶסְתֵּר, ’Ester, betsjutting: stjer)...)
 
L (red+kat)
It bibelske ferhaal yn Ester beskriuwt it ferhaal fan in plande genoside fan de joaden yn it Perzyske Ryk en de positive ommekear dy't dêrop folge.
[[File:Lille ND treille vitrail esther.JPG|thumb|left|250px|Ester wurdt keninginne, raam yn de Notre-Dame-de-la-Treille te [[Risel|Lille]] ([[Frankryk]])]]
 
[[File:Wandschildering - Esther en Ahasverus - Stavoren - 20204892 - RCE.jpg|thumb|left|300px|Ester foar Ahasfearos|Muorreskildering yn it riedshûs fan Starum]]
[[File:Esther Denouncing Haman.jpg|thumb|left|300px|Ester wiist Haman oan as har ferdylger (Ernest Normand, 1888)]]
[[File:Ester y Mardoqueo escribiendo la primera carta del Purim (Ester, 9-20-21) - Aert de GELDER - Google Cultural Institute.jpg|thumb|left|300px|Ester en Mordekai skriuwe de joaden de Pûrimbrief (Aert de Gelder, 1675)]]
==== Ester wurdt keninginne ====
Om't de doedestiidske keninginne Wasty de kening misledige hie troch net te ferskinen op in keninklik feest, waard hja troch de hearskjende kening Ahasfearos ferstjitten. Dêrom lieten de hovelingen de moaiste jongfammen fan it ryk byinoar komme, dêr't de kening de nije keninginne út kieze koe. Ek Hadassa, dy't yn Ester 2:7 omskreaun wurdt as tige kreas, wurdt nei it paleis helle en tabetroud oan de haremwachter. Fan ôf dat momint liet Hadassa har mei har Perzyske namme "Ester" neame. De haremwachter mocht Ester graach leie en soarge der foar dat Ester in poerbêste behanneling krige. Har neef Mordekai hold op ôfstân in each yn't seil en hie har earder op it hert drukt dat hja har joadske identiteit nea opjaan mocht. Fan alle froulju foel Ester by de kening it meast yn de geunst en sûnder dat de kening euvelmoed hie fan har joadske komôf waard Ester de nije keninginne.
 
Dyselde Mordekai wie poartwachter en krige der tafallich weet fan dat twa hovelingen fan doel wiene om in oanslach op de kening te plegen. Hy ynformearre Ester en dy joech it oan de kening troch. Sa wist de kening de oanslach op'e tiid te foarren te kommen. Nei't alles neigongen wie, liet de kening de beide hovelingen arrestearje en oanslútend eksekutearje en sa kaam Mordekai's namme yn de kroniken telâne.
[[File:Wandschildering - Esther en Ahasverus - Stavoren - 20204892 - RCE.jpg|thumb|leftright|300px|Ester foar Ahasfearos|Muorreskildering yn it riedshûs fan Starum]]
 
==== It plan om in folk út te roegjen ====
 
No wie it in wet dat men net samar nei de kening gean koe sûnder dêrta roppen te wêzen. As it de kening min nei't sin wie koe hy soks sels mei de dea bestraffe. Ester joech dêrom de opdracht oan alle joaden om trije dagen foar har te fêsten. Sels soe Ester dat ek dwaan en nei trije dagen gyng hja dan nei de kening ta. Aldergelokst rûn it goed ôf en de kening wiisde mei de septer nei Ester, in teken dat hy Ester wolkom hiet. Doe noege Ester de kening mei syn amtner út om by har oan in gastmiel by te sitten. De kening stie Ester's fersyk ta en liet Haman komme om him dit te fertellen.
[[File:Esther Denouncing Haman.jpg|thumb|left|300px|Ester wiist Haman oan as har ferdylger (Ernest Normand, 1888)]]
 
==== Haman's earbewiis oan Mordekai ====
==== De kening heart fan de folkemoard ====
Doe't in beskamme Haman mei Ahasfearos oan de iterstafel by de keninginne siet, frege de kening wat hy foar de keninginne dwaan koe. Ester andere dat de kening har en har folk it libben sparje koe. De kening hearde dêr fan op en frege wa't it dan wol net yn'e holle krige hie om har soks oan te dwaan. Doe wiisde Ester nei har oare gast en sei dat dêr de man siet dy't Ester en har folk ferdylgje woe. De kening waard sa lilk as in sage en rûn by de tafel wei, wylst Haman foar de keninginne delfoel om genede ôf te smeken. Werom yn it paleis seach Ahasfearos dêr Haman foar de keninginne lizzen en dat makke de kening noch lilker, want hy tocht no dat Haman de keninginne benei komme woe. Hy liet Haman fuort in sek oer de kop triuwe, nei de peal bringe dy't Haman foar Mordekai delset hie en him dêrop spytse. It besit fan Haman gyng oer op Ester en Ester droech Mordekai op it hûs te behearen. De kening beneamde Mordekai ta de wichtigste man yn it ryk nei de kening sels.
[[File:Ester y Mardoqueo escribiendo la primera carta del Purim (Ester, 9-20-21) - Aert de GELDER - Google Cultural Institute.jpg|thumb|leftright|300px|Ester en Mordekai skriuwe de joaden de Pûrimbrief (Aert de Gelder, 1675)]]
 
==== Ofrin ====
{{CommonsBalke|Esther|Ester}}
}}
 
[[Kategory:Bibelsk persoan]]
[[Kategory:Israelitysk persoan]]
[[Kategory:Perzysk keningsgemaal]]