Antarktika: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
oanfollinkje
Rigel 66:
* [[Dútslân]] hie tusken [[1939]] en [[1945]] ek in gebietsoanspraak op Antarktika, mei de namme [[Nij-Swaben]]. It lei tusken 20°E to 10°W, en wie de oernommen Noarske gebietsoanspraak .
* [[Súd-Afrika]] hie tusken [[1963]] en [[1994]] ek in gebietsoanspraak op Antarktika.
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Antarctica 1912 edit.jpg|thumb|Kaart van Antarctica uit 1912]]
Der bestiene al iuwen fermoedens oer in bestean fan in súdlik kontinint, mar earst yn [[1820]] waard Antarktika echt "ûntdutsen". Ein jannewaris fan dat jier berikten trije ekspedysjes koart efterelkoar it [[kontinint]]: de [[Ruslân|Rus]] [[Fabian von Bellingshausen]], de [[Feriene keninkryk|Brit]] [[Edward Bransfield]] en de [[Feriene Steaten|Amerikaan]] [[Nathaniel Palmer]].
 
Tusken [[1897]] en [[1899]] waard foar it earst (twongen) oerwintere op Antarktika ûnder de [[België|Belgyske]] ekspedysje laat troch [[Adrien de Gerlache]] mei it skip de [[Belgica (skip)|Belgica]].
 
Op [[14 desimber]] [[1911]] berikte de [[Noarwegen|Noar]] [[Roald Amundsen]] as earste de [[Súdpoal]].
Ek yn 1911/1912 besocht in Britske eksepysje ûnder [[Robert Falcon Scott|Robert Scott]] de Súdpoal te berikken. Dat slagge mei muoite yn [[1912]], mar alle dielnimmers oan de ekspedysje ferlearen it libben op de weromreis.
 
Yn desimber 1963 berikte G.M.A. Brummer, [[luitenant-op-see 1e klasse]], as earste Nederlanner de Súdpoal. Hy wie de navigator fan in Amerikaansk fleantúch dy't as ofsier taheakke wie oan de Amerikaanse Taskforce 43. Dy ferkende Antarktika mei help fan de iisbrekker USS Glacier.<ref>Algemien Deiblêd 20 april 1963</ref>
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
[[Kategory:Antarktika| ]]