Barnabas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|250px|Byld fan Barnabas oan de Barnabaschurch te Mitcham, Ingelân '''Barnabas''' (ek '''Sint-Barnabas''', '''Joazef fan Syprus''' of ''''de apostel fan...
 
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[File:St Barnabas.JPG|thumb|250px|Byld fan Barnabas oan de Barnabaschurch te Mitcham, Ingelân]]
'''Barnabas''' (ek '''Sint-Barnabas''', '''Joazef fan Syprus''' of ''''de apostel fan Antiochje en Syprus''') wie, alhoewol't hy net ta de [[Apostel|tolve apostels]] hearde, in wichtige apostel út de earste iuw nei Kristus. Syn oarspronklike namme wie Joazef en hy wie ôfkomstich fan [[Syprus]]. De apostelen joegen him de namme Barnabas, dat "soan fan de fertreasting" betsjut (Hannelingen 4:37). Guon bibelgelearden stelle lykwols dat de namme "soan fan Nebo" betsjut.
 
Barnabas wurdt omskreaun as in wichtige skeakel tusken de apostelen[[apostel]]en yn [[Jeruzalim]] en de bekearde [[Paulus (apostel)|Paulus]], tusken joadske en net-joadske kristenen en tusken de twa kristlike gemeenten ynfan [[Antiochje]] en Jeruzalim.
 
== Libben ==
Barnabas wie in tawijd kristen út Syprus, wêr hy in soad lân besiet dat hy ferkocht en de opbringst dêrfan oerdroech yn de jonge kristlike mienskip. Hy wie de apostel dy't it opnaam foar de ta it kristendom bekearde kristenferfolger Paulus, dy't doe noch Saulus hiet, wylst de oaren it net op SaulusPaulus stean hiene, om't hja tochten dat dy him allinnich mar foardie as kristen.
 
Tegearre mei Paulus reizge Barnabas nei in kristlike gemeente fan benammen net-joaden yn [[Antiochje]]. In soad [[Griken]] wiene dêr ta it leauwen yn [[Jezus Kristus]] kaam en doe't de gemeente yn Jeruzalim dat fernaam stjoerden se Barnabas en Saulus nei dizze gemeente om harren dêr in jier lang te ûnderwizen. Doe't der ûnder keizer [[Klaudius]] in yn oerienstimming mei de wurden fan de profeet Agabus in grutte hongersneed yn Judéa ûntstie, sette Barnabas tegearre mei Saulus hjir in grutte solidariteitsaksje op om jild yn te sammeljen foar de slachtoffers yn Jeruzalim en Judéa.
Rigel 46:
{{Boarnen|boarnefernijing=
*Nije Testamint, Bibelboek Hannelingen 13-15
{{reflist|2}}
}}
[[Kategory:Persoan yn it Nije Testamint]]