Trageedzje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat oars
[[]]
 
Rigel 1:
In '''trageedzje''' (fan it [[Aldgryksk]]e τραγῳδία, ''tragōidia'', letterlik: "bokkesang") is in literêr [[sjenre]] en in foarm fan [[toanielstik|toaniel]] dy't basearre is op minsklik ûnk en lijen en in dêrmei mank geande lottering ûnder it tasjende publyk. Hoewol't withoefolle kultueren lyksoartige aktearfoarmen ûntwikkele hawwe, wurdt mei de term "trageedzje" gauris ferwiisd nei in spesifike toanieltradysje dy't yn histoaryske opsjoch in unyk en tige by tige wichtich plak ynnommen hawwe yn 'e Westerske literatuer en kultuer.
 
Dy tradysje ûntjoech him likernôch 2500 jier lyn út in obskuere oarsprong yn it teäter fan it âlde [[Grikelân]]. Ut dy tiid is mar in fraksje fan it oarspronklike oanbod oan trageedzjes oerlevere yn guon stikken fan [[Aiskylos]], [[Sofoklês]] en [[Euripides]]. Pas yn [[Renêssânse]], dy't wierlik in werberte (sa't de term sels al oanjout) wie fan 'e tradysjes út 'e [[Aldheid]], waard mei benammen it wurk fan [[William Shakespeare]] dy âlde tradysje wer fuortset.