Skriller: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
[[]]
Rigel 1:
[[File:RebeccaTrailer.jpg|right|thumb|200px|In sêne út 'e skriller ''Rebecca'', in film fan [[regisseur]] [[Alfred Hitchcock]] út [[1940]].]]
In '''skriller''' of '''''thriller''''' (fan it [[Ingelsk]]e ''to thrill'', "yn spanning sitte") is in breed [[sjenre]] yn 'e [[literatuer]], [[film]] en [[tillefyzje]] dat spanning as wichtichste elemint hat. Skrillers spylje swier yn op it sin fan 'e lêzer of sjogger, en roppe by him/har in heech nivo fan ferwachting, ûnwissens, ferrassing, opwining en eangstme op. Se moatte it hawwe fan dy heech oprûne spanning by de lêzer of sjogger en besykje him/har by wize fan sprekken op it puntsje fan 'e stoel te hâlden.
 
It meast foarkommende subsjenre fan 'e skriller is de misdieskriller, dy't in tige grutte oerlaping hat mei it [[detektiveferhaal]]. Oare bekende subsjenres binne [[psychology]]ske skrillers (ferbyldt er it him no of net?), eroatyske skrillers en spionaazjeskrillers, dy't in fiktyf byld jouwe fan [[spionaazje]]praktiken.