Ferskil tusken ferzjes fan "Hilligelibben"

[[]]
L
([[]])
[[File:Caroline 2.jpg|thumb|Side út de [[Martin of Tours|Vita Sancti Martini]] fan [[Sulpicius Severus]]]]
In '''hilligelibben''' of '''hagiografy''' (fan it [[Gryksk]]e ἅγιος, ''(h)agios'', "hillich", en γράφειν, ''graphēin'', "skriuwe") is in literêr [[sjenre]] dat syn oarsprong en grutste bloei yn 'e [[Midsiuwen]] hie, en dat bestiet út 'e [[leginde|legindaryske]] [[biografy]]en fan hilligen en oare religieuze lieders. Yn [[kristendom|kristlike]] hilligelibbens wurde libben en wurken, en fral ek de wûnders, beskreaun fan hillich ferklearre persoanen fan 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], de [[Anglikaanske Tsjerke]], de [[eastersk-otterdokse tsjerken]] en de [[oriïntaalsk-otterdokse tsjerken]]. Oare [[godstsjinst]]en, lykas it [[boedisme]], de [[islam|islaam]] en it [[sikhisme]], hawwe harren eigen foarmen fan hagiografyske teksten, lykas de ''[[janamsakhi|janamsakhi's]]'' fan 'e sikhs. Guon foarbylden fan bekende kristlike hilligelibbens binne de ''[[Vita Sancti Brendani Clonfertensis]]'' (It Libben fan de Hillige Abt en Bychtfaar Brendan); de ''[[Vita Sancti Martini]]'' (It Libben fan Sint Martinus); de ''[[Vita Bonifatii]]'' (It Libben fan Bonifatius); en de ''[[Vita Sancti Liudgeri]]'' (It Libben fan de Hillige Liudger).
 
De term "hagiografy" wurdt ek wol brûkt as denigrearjende oantsjutting foar in biografysk of histoarysk wurk wêrfan't de auteur net genôch ôfstân, oftewol objektiviteit, bewarret ta syn ûnderwerp.
Anonime meidogger