Likenis: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red. oars net
Rigel 1:
In '''likenis''' of '''gelikenis''' of '''parabel''' is in literêr [[sjenre]] yn 'e foarm fan in [[koart ferhaal]], itsij yn [[proaza]] of op [[poëzij|rym]], wêrmei't ien of mear begjinsels, lessen of normative prinsipes yllústrearre wurde. It is in soarte fan [[analogy]] dy't ôfwykt fan 'e [[fabel]], mei't yn fabels bisten, planten en foarwerpen de (haad)rollen ferfolje, wylst dat yn likenissen dien wurdt troch [[minske]]n.
 
Likenissen wurde fral brûkt yn [[religy|religieuze]] kontekt, en binne oerlevere út û.m. it [[joadendom]], it [[kristendom]], de [[islam|islaam]] en de easterske godstjinsten. Se binne yn it Westen lykwols benammentlik bekend as útspraken fan [[Jezus|Jezus fan Nazaret]], út 'e [[kanonike evangeeljes]] fan it [[Nije Testamint]] fan 'e kristlike [[Bibel]]. De meast ferneamde likenissen fan Jezus binne nei alle gedachten de ''[[Likenis fan de Barmhertige Samaritaan]]'' (''[[Evangeelje fan Lukas|Lukas]]'' 10:29-37) en de ''[[Likenis fan de Ferlerne Soan]]'' (''Lukas'' 15:11-32). Yn it foarwurd fan syn boek ''[[De Poarten fan it Wâld]]'' jout de [[Joaden|Joadsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaansk]]e [[skriuwer]] [[Elie Wiesel]] in werfertelling fan in [[chassidisme|chassidyske]] likenis wer, dy't wol bekendstiet as ''God Hat de Minske Skepen, Om't Er fan Ferhalen Hâldt''.