Ridderroman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
[[]]
Rigel 1:
In '''ridderroman''' is in literêr [[sjenre]] dat de [[poëzij|berime]] aventoeren fan [[Midsiuwen|Midsiuwsk]]e [[ridder]]s omfiemet. Syn oarsprong fûn dit sjenre yn 'e [[Aldfrânsk]]e ''[[chansons de geste]]'' (letterlik: "lieten fan [helde]dieden"), wêrfan't it bekendste foarbyld it ''[[Chanson de Roland]]'' of it ''[[Roelantsliet]]'', is. Mar ridderromans waarden al rillegau oernommen troch oarstalige [[skriuwer]]s, yn 't earstoan benammen op 'e [[Britske Eilannen]], dêr't de [[Arthurleginde]] of Arthurroman, in subsjenre fan 'e ridderroman, ûntstie (bgl. ''[[Sir Gawayne and the Grene Knyght]]''). Ek yn oare talen fûn de ridderroman yngong, gauris sawol yn 'e oarspronklike ferzje as yn 'e foarm fan Arthurleginden. Sa ken it [[Nederlânsk]] taalgebiet in ferskaat oan Arthurleginden (lykas ''[[Ferguut]]'', ''[[Moriaen]]'' en ''[[De Roman van Walewein]]''), mar ek oare ridderromans, lyks ''[[Karel ende Elegast]]'', dat in saneamde [[Karelroman]] of Frankyske roman is. Njonken Arthurlegindes en Karelromans binne der dan ek noch klassike romans, dy't oer de [[Klassike Aldheid]] geane, sa't dy yn it [[Midnederlânsk]] oerset binne troch [[Jakob fan Maerlant]], en saneamde [[easterske roman]]s, dy't yn it [[Midden-Easten]] spylje, lykas ''[[Floris ende Blancefloer]]''.
 
Ridderromans binne gjin [[roman]]s yn 'e moderne sin fan it wurd, mar lange, op rym sette ferhalen yn 'e folkstaal út in tiid dat de hegerein (dêr't eins in elk dy't doe skriuwe koe ta hearde) oer it algemien noch it [[Latyn]] brûkte om him yn út te drukken. De stof fan sa'n ridderroman is gauris fertaald en bewurke fan in oarstalich orizjineel (copyright bestie yn 'e Midsiuwen noch net). De ferhalen waarden foardroegen oan 'e aadlike hôven fan [[West-Jeropa]], en wiene tige populêr. Letter, om 'e ein fan 'e fyftjinde iuw hinne, ûntstiene der op it [[Ibearysk Skiereilân]] de earste echte ridderromans yn 'e moderne sin fan it wurd, dêr't ''[[Tirant lo Blanc]]'' ([[1499]]) en de ferneamde parody ''[[Don Quichot]]'' ([[1605]]) de bekendste fan binne.