Oería de Hettyt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L →‎De profesije fan Natan: + link nei Natan
Rigel 13:
 
== De profesije fan Natan ==
Dêrmei wie it foar David net ôfdien want wat David mei Oería dien hie wie in grut kwea yn God's eagen. God stjoerde de [[profeet]] [[Natan (profeet)|Natan]] op David ôf en dy fertelde David in ferhaal oer in rike en in earme man. De rike man hie in grutte keppel fee, wylst de earme man net mear hie as in laam dêr't er hiel goed op paste. Doe't de rike man ris in gast hie, begrutte it him om ien fan syn eigen bisten te slachtsjen en dus naam hy it laam fan de earme man, slachte it en joech dêr syn gast fan te iten. David hearde it ferhaal mei ferbjustering oan en sei tsjin Natan dat sa'n man, dy't gjin begrutsjen mei de earme man hie, net oars as de dea fertsjinne. Doe joech Natan David it leksum en andere dat hy dy rike man wie; dat de Heare God David ryklik seinige hie en dat hy hie noch mear krije kind hie, mar dat hy dochs it wurd fan de Heare ferachte troch Oería de dea yn te jeijen en syn frou fan him ôf te nimmen: ''"Dû hast him fermoarde mei it swurd fan de Ammoniten en dêrom sil it swurd nea út dyn hûs ferdwine, omdatstû my ferachte hast en de frou fan Oería de Hetyt nommen hast"''.
 
De soan fan David en Batsjêba stoar al binnen sân dagen. David en Bathsjêba krigen noch in twadde soan: de lettere kening [[Salomo]].<ref>2 Samuël 12:1-23</ref>