Oería de Hettyt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 3:
 
== It ferhaal yn it Alde Testamint ==
Oería wenne ticht by it paleis fan kening David en hearde neffens 2 Samuël 23:39 by de tritich machtige manlju fan it keninkryk. Wylst de kening ienris op in jûn op it dak fan syn paleis wie, seach hy in frou dy't har oan it waskjen wie. It wie Batsjêba, de frou fan de [[HetitenHettiten|HetytHettyt]] Oería, ien fan syn trouwe ofsieren. Wylst har man mei de [[Ammoniten]] focht, liet de kreaze Batsjêba har by de kening roppe en hie mienskip mei him. In skoftke letter die bliken dat Batsjêba swier fan David rekke wie. Om in grut skandaal tefoarren te kommen liet de kening Oería fan de kriich werom roppe, sa't hy in nacht mei syn frou trochbringe koe, dan like it oft it Oería sels wie dy't syn frou swier makke hie. It wie allegear moai úttocht: David liet him earst troch Oería ynformearje oer de ferrin fan de striid en stjoerde him dêrnei nei hûs om goed te iten en syn frou te geriven.
 
No wie Oería in tige trou persoan en hy fûn it gjin pas jaan om nei hûs te gean en dêr te iten en te drinken en by syn frou te sliepen, wylst syn maten ûnder drege omstannichheden bûten sliepe moasten. Dêrom wegere Oería om nei syn frou te gean en hy joech him del by de yngong fan it paleis, dat David moast wat oars betinke. Sadwaande hiet er Oería de oare deis yn it paleis te bliuwen om mei him te iten en te drinken. Mar ek nei't David Oería dronken fuorre hie, bleau Oería trou oan syn prinsipe om gjin mienskip te hawwen mei syn frou wylst syn maten striid leveren mei de fijân.