Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Overbodige tag verwijderd
Rigel 29:
== Skiednis ==
{{Apart|Skiednis fan de Feriene Steaten}}
[[Ofbyld:MayflowerHarbor.jpg|thumb|200px|left|InDe pylgerskip út Jeropa''Mayflower'' mei nije kolonisten yn it jier [[1620]].]]
It gebiet, dat no beslein wurdt troch it kontinintale part fan de Feriene Steaten, wienen yn it ferline wengebiet fan in grut tal lânseigen Amerikaanske folken en waard fan de 16e iuw ôf kolonisearre troch [[Spanje]], [[Frankryk]], [[Nederlân]] en [[Ingelân]]. As resultaat fan de Frânske en [[Yndianen|Yndiaanske]] kriich fan [[1754]] oant [[1763]], naam [[Grut-Brittanje]] de Frânske koloanjes yn Noard-Amearika oer: it eastlik part fan [[Kanada]] en parten fan it hjoeddeistige [[Illinois]] en [[Ohio]]. Dêrmei kaam it grutste part fan de eastkust ûnder Britsk bewâld. De kolonisten wienen net mear ôfhinklik fan de beskerming tsjin de Frânsen troch it heitelân, en hja begûnen harren te fersette tsjin it beteljen fan Britske belêstings. Trettjin koloanjes ferklearren yn [[1776]] harren ûnôfhinklikens fan Grut-Brittanje, wat it begjin wie fan de [[Amerikaanske ûnôfhinklikenskriich]]. Yn [[1783]] erkende it Keninkryk fan Grut Brittanje de ûnôfhinklikens. Yn de nije steat waard in grûnwet oannaam en waard in regear foarme dat yn 1789 aktyf waard. Yn de rin fan de folgjende iuw ûntstienen hieltyd gruttere ferskillen troch de noardlike steaten en de súdlike steaten. Dizze ferskillen laten fan [[1861]] oant [[1865]] ta in [[Amerikaanske Boargeroarloch|boargerkriich]]. De ein fan de 19e iuw koe skaaimurken wurde as in rite fan westlike útwreiding, yndustrialisaasje en tafloed fan miljoenen ymmigranten. Yn de 20e iuw hawwe de Feriene Steaten aktyf meidien oan de [[Earste Wrâldkriich|Earste]] en [[Twadde Wrâldkriich|Twadde]] Wrâldkriich.