Gustave Doré: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L kopke
Rigel 2:
'''Paul Gustave Doré''' ([[Straatsburch]], [[6 jannewaris]] [[1832]] – [[Parys]], [[23 jannewaris]] [[1883]]) wie in [[Frankryk|Frânsk]] [[keunstner]], [[graveur]] en [[yllustrator]].
 
== Libben en wurk ==
Doré waard berne yn Straatsburch en publisearre syn earste yllustrearre ferhaal al doe't er 15 jier wie. Hy waard boekeyllustrator yn Parys, dêr't er tekeningen makke by it wurk fan ûnder oaren [[François Rabelais|Rabelais]], [[Honoré de Balzac|Balzac]] en [[Dante Alighieri|Dante]]. Yn 1853 waard er frege om it wurk fan [[Lord Byron]] te yllustrearjen. Dat waard folge troch oar wurk foar Britske útjouwers, dêr't in nije yllustrearre Ingelske [[bibel]] by wie. Teffens makke er platen by in grutte útjefte fan ''[[The Raven]]'' fan [[Edgar Allan Poe]].
 
Line 8 ⟶ 9:
Yn 1869 stelde [[Blanchard Jerrold]], de soan fan [[Douglas William Jerrold]], út om gear te wurkjen by it meitsjen fan in wiidweidich portret fan Londen. Jerrold kaam op dat idee troch ''The Microcosm of London'' dy't troch [[Rudolph Ackermann]], [[William Pyne]] en [[Thomas Rowlandson]] makke wie yn 1808.
 
Doré tekene foar in projekt fan fiif jier mei útjouwer Grant & Co; dat betsjutte dar er trije moannen it jier yn [[Londen]] tahâlde soe. Hy krige in slompe jild (£ 10,000 it jier) foar syn wurk. It boek ''London: A Pilgrimage'' ('Londen: in beafeart'), mei 180 gravueres, kaam út yn 1872.
 
It boek slagge kommersjeel tige, mar kritisy moasten net folle fan it wurk hawwe. It like wol dat it ferskate kritisy net noaske dat Doré de earmoed yn Londen bleatlei yn syn wurk. Hy waard beskuldige fan it optinken fan beskate sênes yn stee fan it werjaan fan de werklikheid.