Jehannes fan Glinstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
[[]] dyselde
Rigel 1:
'''Jehannes fan Glinstra''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[1612]] – [[10 oktober]] [[1678]]) wie [[abbekaat]], [[skepen]] en pinsjonaris fan Ljouwert. Soan fan Cent Ypckes, [[boargemaster]] fan Ljouwert en Maycke Gadema, ûntliende syn namme oan de troch syn mem oankochte [[Glinstrastate]] ûnder [[Dronryp]], liet him yn [[1631]] ynskriuwe as studint te Frjentsjer, [[30 augustus]] [[1634]] te [[Leien]], dêrnei oan Frânske akademys yn 1636.
 
Yn Frjentsjer ferdigene hy oan sân kear ta ûnder de heechlearaar meardere stellingen, dy't yn 1634 te Frjentsjer útjûn waarden ûnder de titel: ''Selectarum quaestionum, ad jus civile Justinianeum quinquaginta libris Pandectarum comprehensum, Disputationes Septem''. Hjiryn, neist in foaropwurd en in troch de skriuwer hâlden ''Allocutio'', ferskate ferzen, foar dy gelegenheid opsteld ûnder oare troch de heechleararen Schotanus en [[Henricus Rhala|Rhala]]. Yn [[1638]] trede hy as abbekaat foar it Hof yn Ljouwert op, en waard tagelyk skepen en pensjonaris fan dy stêd. Fan desimber [[1645]] oant syn dea wie hy Riedshear yn it [[Hof fan Fryslân]]. Hy wie troud mei Jeepcke Lycklama à Nijeholt, dy't him gjin bern skonk.
 
== Wurk ==