Stalferwikseling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
 
Rigel 1:
[[File:Thekelpie large.jpg|right|thumb|250px|In [[skilderij]] fan [[Herbert James Draper]], dêr't in [[kelpy]] op ôfbylde is, in [[myte|mytysk]] [[wetter]]wêzen út 'e [[Kelten|Keltyske tradysje]], hjir yn [[minske|minsklike]] foarm.]]
'''Stalferwikseling''', '''stalferoaring''', '''foarmferoaring''' of mei in [[Ingelsk]] wurd '''foarmferoaring''shapeshifting''''' is yn 'e [[mytology]], [[folkloare]] en in diel fan 'e [[literatuer]] it fermogen fan in [[wêzen]] om himsels lichaamlik te transformearjen fan 'e iene nei de oare lichaamlike foarm. Soks wurdt yn 'e regel berikt troch in ynherinte eigenskip dêrta, troch [[god]]like tuskenkomst, troch in [[betsjoening]] of troch it gebrûk fan in [[magy]]ske [[talisman]]. Yn 'e [[natuer]] komt ek in proses fan stalferwikseling foar, by [[lidpoatigen]] en [[amfibyen]], dat [[metamorfoaze]] hjit; dat stiet lykwols folslein los fan it idee fan stalferwikseling, dat teminsten al sûnt de iere [[Aldheid]] bestiet. It hat boppedat wol kâns dat it bestean fan it konsept stalferwikseling universeel is en dus yn alle [[minske|minsklike]] [[kultuer]]en foarkomt. Der wurdt nei ferwiisd yn 'e âldste foarmen fan [[toatemisme]] en [[sjamanisme]], en teffens yn 'e âldst oerlevere [[literatuer]] en [[epysk gedicht|epyske gedichten]], wêrûnder sokke iere en ferneamde wurken as it [[Sûmearje|Sûmearyske]] ''[[Epos fan Gilgamesj]]'' en de [[Aldgryksk]]e ''[[Ilias]]''.
 
Yn 'e âldste boarnen wurdt stalferwikseling almeast as it yngripen fan in [[godheid]] beskreaun en as straf foar dejinge dy't it ûndergiet. Sa feroare de [[Grykske mytology|Grykske]] [[goadinne]] [[Artemis]] de [[jacht (aktiviteit)|jager]] [[Akteön]] yn in [[hart]]ebok om't er har begnúfde wylst se yn it [[wâld]] oan it [[baaien]] wie; dêrtroch waard er letter sels bejage en opfretten troch syn eigen [[jachthûn]]en. Ek komt it foar dat in god himsels fan stal feroaret. Sa makke de Grykske oppergod [[Seus]] himsels ta in [[ko|bolle]] om 'e [[prinsesse]] [[Europa (mytology)|Europa]] te [[ûntfiering|ûntfieren]], en feroare er himsels yn in striel gouden ljocht om 'e [[seks|leafde te bedriuwen]] mei de hermetysk opslettene [[Argos|Argioatyske]] prinsesse [[Danaé]].