Maleächy (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L [[]]
Rigel 9:
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = >[[515 f.Kr.]]
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
Rigel 31:
It boek ''Maleächy'' hjit de [[profesije]]n te omfetsjen fan 'e [[profeet]] [[Maleächy (profeet)|Maleächy]], mar de measte bibelwittenskippers en [[teolooch|teologen]] miene dat dat hielendal gjin namme is, mar in titel, mei't ''Malaḵi'' yn it Hebriuwsk bestjut "myn boadskipper", mooglik in ôfkoarting fan ''Malaḵīyah'', wat "boadskipper fan de Heare" wêze soe. Sadwaande wurdt der ûnder saakkundigen rûnom redendield oer de identiteit fan 'e [[skriuwer]] fan ''Maleächy''. Yn ien fan 'e [[Targum|Targums]] wurdt yn dy hoedanichheid de preester [[Ezra (preester)|Ezra]] oanwiisd, mar der bestiet gjin histoarysk bewiis om dat te ûnderstypjen. Guon bibelwittenskippers hawwe de oerienkomsten yn styl en wurdgebrûk opmurken mei de beide dielen fan 'e twadde helte fan it boek ''[[Sacharja]]'', it saneamde ''2 Sacharja'' (''Sach.'' 9-11) en ''3 Sacharja'' (''Sach.'' 12-14). Der wurdt gauris oannommen dat ''Maleächy'' en ''2'' en ''3 Sacharja'' fan oarsprong ien samling fan trije profesijen foarmen, dy't skreaun of redigearre wiene troch ien en deselde persoan. De earste beide dêrfan soene dan letter oan oan it oarspronklike boek ''Sacharja'' (''Sach.'' 1-8) taheakke wêze, wylst de trêde it boek ''Maleächy'' waard. Yn elts gefal wurdt ''Maleächy'' beskôge as it wurk fan ien skriuwer, dy't al of net bekend stien hawwe mei as "Maleächy".
 
It boek ''Maleächy'' jout frijwol gjin histoaryske details, mar twa dingen meitsje dúdlik wannear't it likernôch datearre wurde moat. It earste is de fernijing fan it wurd ''pehā'' yn ''Mal.'' 1:8, in oantsjutting foar in lânfâd út it [[Perzyske Ryk|Perzyske]] tiidrek. Dat wiist op in oarsprong fan nei de [[Babyloanyske Ballingskip]] ([[586 f.Kr.|586]]-[[538 f.Kr.]]) fanwegen sawol de Perzyske term as it feit dat [[Juda (keninkryk)|Juda]] foarôfgeande oan 'e ballingskip keningen hie, en gjin lânfâden. Fierders kin út itselde fers opmakke wurde dat op 'e tiid dat it skreaun is, de [[Timpel fan Jeruzalim]] al wer funksjonearre, d.w.s. op 'e nij opboud wie, wat betsjut dat de tekst fan nei [[515 f.Kr.]] wêze moat.
 
==Ynhâld==