Haggai (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
L [[]]
Rigel 9:
| foarm = [[non-fiksje]]
| sjenre = [[religy|religiosa]]
| skreaun = ±[[520 f.Kr.]]
| 1e publikaasje =
| 1e opfiering =
Rigel 28:
'''''Haggai''''', yn it oarspronklike [[Hebriuwsk]]: '''חגי''', '''''Ḥagay''''', is in tekst út sawol de [[joadendom|joadske]] as de [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]. Yn 'e joadske ''[[Tenach]]'' makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, ''[[Lytse Profeten|Ṯrei Asar]]'', dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de ''Neḇi'im Aḥaronim'' (de "Lettere Profeten") falt. Yn it [[Alde Testamint]] fan 'e kristlike Bibel foarmet ''Haggai'' in bibelboek op himsels, it 37ste fan 39 (neffens de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]]), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de ''[[Lytse Profeten]]'' heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde ''[[Grutte Profeten]]'').
 
It koarte, út mar twa haadstikken besteande boek ''Haggai'' omfettet de [[profesije]]n fan 'e [[profeet]] [[Haggai (profeet)|Haggai]], oer wa't fierders net folle bekend is, al wurde hy en syn boadskip neamd yn ''[[Ezra (bibelboek)|Ezra]]'' 5:1 en 6:14. Syn namme komt fuort út 'e Hebriuwske woartel ''hgg'', mei de betsjutting "op pylgertocht gean", wat miskien wat oer de man seit. It bibelboek dat nei him neamd is, is troch saakkundigen datearre om [[520 f.Kr.]] hinne, wêrmei't it nei de ein fan 'e [[Babyloanyske Ballingskip]], yn [[538 f.Kr.]], falt, mar foàr de weropbou fan 'e [[Timpel fan Jeruzalim]]. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''Haggai'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.
 
==Ynhâld==