Ferskil tusken ferzjes fan "Koai (ynslútplak)"

L
gjin bewurkingsgearfetting
(nije side)
 
L
In '''koai''' is in ynslútplak of bewarplak dat foarsjoen is fan [[gaas]] of [[traalje]]s en almeast foar [[bist]]en brûkt wurdt. Ofhinklik fan 'e grutte kin sa'n koai fêst of ferpleatsber wêze. Soksoarte ynslútplakken wurde in protte brûkt foar it omgean mei [[fauna|wylde bisten]] dy't gefaarlik binne of wêze kinne foar de [[minske]], lykas yn [[dieretún|dieretunen]] en [[sirkus]]sen. Partikulieren meitsje thús wol gebrûk fan yn 'e regel lytsige koaien foar it hâlden fan beskate [[húsdier]]en, lykas [[fûgel]]s, [[nuete knyn|nuete kninen]] en [[kjifdier]]en ([[goudhamster]]s, [[kavia|kavia's]], ensfh.).
 
Guon [[stâl]]en wurde ek wol 'koaien' neamd. Yn it bysûnder moat men dêrfoar tinke oan it [[hok|nacht- en winterhok]] foar in [[keppel]] [[skiep]], dat wol in [[skieppekoai]] neamd wurdt (benammen yn 'e [[Nederlân]]ske [[heide]]gebieten). Fierders waarden foarhinne [[wylde ein]]en wol fongen foar [[minske|minklikeminsklike konsumpsje]] yn saneamde [[einekoai]]en. Dat wiene foar in diel ôfskutte romten mei in iepening oan ien kant dêr't sokke [[wetterfûgel]]s mei [[lokein]]en yn lokke waarden.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
82.391

bewurkings