Liudger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Libben: frykse ryk feroare yn fryske wrald, der wie immers gjin selstannich frysk ryk mear
Rigel 5:
Liudgers pake wie in Fryske edelman, dy´t in de tiid fan kening [[Redbad]] de side fan de [[Franken]] keazen hie en nei [[Luik]] flechte wie. Der kaam hy in kontakt mei it [[kristendom]] en bekearde him ta dit leauwen. Syn soan troude mei in fromme kristen en út dit houlik waard Liudger berne. Liudger folge syn oplieding yn [[Utert]] en letter stjoerden syn âlden him nei [[York]] yn [[Ingelân]]. Yn dy tiid stie de ferneamdste skoalle fan Westlik-Jeropa ûnder lieding fan [[Alcuinus]]. Letter soe dizze gelearde persoan de hofskoalle fan [[Karel de Grutte]] ûnder syn hoede krije.
 
In [[777]], yn de âldens fan 43 jier, begûn Liudger syn apostelwurk yn [[Dimter]]. Fan derút breide hy syn wurk út nei it noarden, oant de fierste úthoeken fan itde [[Fryske ryk]]wrâld. Oan it ein fan eltse simmer sylde hy fan [[Starum]] út nei [[Utert (stêd)|Utert]] om der ûnder de hjerstmoannen les te jaan oan de kleasterskoalle.
 
Syn foargongers, benammen Bonifatius, hienen net folle sukses boekt yn de noardlike kontreien. Liudger likernôch hie it grutte foardiel dat hy de [[Frysk]]e lânstaal spruts. Neffens de oerlevering hat de genezing fan de bline bard [[Bernlef (bard)|Bernlef]], foar in grut part bydroegen oan syn sukses. Op ien fan syn reizen troch [[Grinslân]] kaam Liudger de bline bard tsjin yn [[Helwerd]]. Hy besocht Bernlef ta it [[kristendom]] te bekearen. Bernlef soe derby tsjin Liudger sein hawwe, "as jo God sa almachtich is, toan my dan in teken". Liudger lei dêrop syn hannen op de eagen fan Bernlef en spruts in [[gebed]] út. Hjirnei koe de bline wer sjen. Dizze genezing soe dernei as in rinnend fjurke troch it lân fan de Friezen rûn gean.