Ferskil tusken ferzjes fan "Willibrord"

41 bytes lytser ,  13 jier lyn
→‎Libben: ik wat keppelings derút helle, der wienen tefolle fan
L (robot Erbij: sv:Willibrord)
(→‎Libben: ik wat keppelings derút helle, der wienen tefolle fan)
Yn Ripon woeks Willibrord op ûnder ynfloed fan [[Sint-Wilfridus]] (Egbert), de biskop fan [[York]]. Dizze biskop wie, oars as de doe yn [[Grut-Brittanje]] hearsende [[Roomsk Katolyke Tjerke|katholyke]]-[[Kelten|Keltyske]] tradysje, in foarstanner fan de Roomske line.
 
Doe Willibrord 20-jier âld wie, gong er fuoart nei it "eilân der Hilligen", ([[Ierlân]]). Der moast er him ûnderwerpe oan tige stringe tucht yn it kleaster fan Rathmelsigi. Hy waard yn [[688]] as [[priester]] wije. Fûl mei de geast fan "[[peregrinatio]]", en mei de winsk om't de heidenkse folken fan dy tiid te bekearen, stiek hy yn [[690]] mei alve gesellen oer nei it Jeropese festelân. Hy kaam oan lân by [[Katwijk]] en ferkundigde der it [[evangeelje]] oan de [[Friezen]], dy't net yn [[Jesus Kristus|Kristus]] leauwden mar yn it [[FrsykeFryske Godendomheidendom]].
 
Yn 690 reisde hy mei tolve gesellen, werûnder [[Werenfried fan Elst]], nei de [[Friezen|Fryske]] kening [[Redbad]] om syn foarbeeld [[Jesus Kristus]] te folgje dy't ek rûn loek om de bliide boadskip te ferkundige. Hy besike it [[Fryske ryk]] dat har ústrekke fan de [[Weser]] (Noard-[[Dútslân]] oant de [[Swin]] yn [[Belgje]]. It Fryske heidendom waard krekt as by oare [[Germanen|Germaanske]] folken sterk bepale troch natuerferearing, mei hillige beamen en stienen en wetter as libbensboarn. Yn de ûnsteane [[legende]]s oer de apostel spile de wetterboarne en putten in wichtige rol, omdat Willibrord tsjinoer de natueurferearing fan de Friezen [[Jesus Kristus|Kristus]] sette as guon en iviche boarn.
Yn tsjinstelling ta de [[missionaris|missy metoade]] fan de [[Ierlân|Iers]]-[[Skotlân|Skotse]] monniken, dy't by de evangelysaasje gjin systeem brûkten, organisearre Willibrord syn missionering pragmatysk en goed trochtocht. Sa socht hy earst de beskerming by [[Pipyn II]], dy't de Fryske kening [[Redbad]] oer de [[Ryn]] ferdreaun hie, en fersekerde hy him fan de pauslike goedkeuring doe hy yn [[Rome]] nei twa swiere reizen yn [[695]] oankaam. Hy waard troch [[Paus Sergius I]] as [[aartsbiskop]] der Friezen wije, werby [[Utert (stêd)|Utert]] him tawize waard as syn haadsetel.
 
Troch rikkemedaasje fan Pepyn krieg Willibrord fan de Frankyske ealje ek in proatte lân skonken, en dermei koe hy hiel wat tjerken en kleasters bouwen. Sa ûntfing hy yn [[698]] de earste helte fan it folle gruter lânguod fan [[Irmina]], de abdis flakby [[Trier]], dy't de mem fan [[Plektrudis]], de frou fan Pepyn, wie. Doe Pepyn him letter ek it restant fan dit lânguod skonk, wie Willibrordus yn steat om de abdij fan Echternach te stifte, de pleats wer't hy syn missytochten tariede nei it [[Fryske ryk]], en sels nei [[Denemarken]] en Thuringia ([[Thüringen]] yn Dutslân) ta.
 
Willibrord hie lykwols by de Friezen te krijen mei in soad tsjinslagen. Dizze tsjinslagen waarden benammen feroersake troch de tsjinwerking fan de heidenske kening Radboud. Hjiroan kaam pas in ein, doe [[Karel Martel]] nei de dea fan kening Radbod, syn opfolger ferslein hie. Yn [[719]] ûntfing Willibrord besyk fan Winfrid, better bekend as [[Bonifatius]], dy nei in ferblieu fan trije jier nei oare heidenkse Germaanske lannen loek om der it evangeelje te ferkundigen.
19.909

bewurkings