Blau plak: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L red
Rigel 1:
[[File:Hématome.jpg|right|thumb|150px|In blau plak.]]
In '''blau plak''' is de meast foarkommende fariant fan in [[bloedútstoarting]] of hematoom, in sichtber plak op 'e [[hûd]] fan [[minske]]n en [[bist]]en dêr't, ornaris troch útwindich [[geweld]], in [[kniezing]] fan [[ier (bloedfet)|ierkes]] plakfûn hat, mei as gefolch dat der [[bloed]] yn it hûdweefsel lekt is. Blauwe plakken komme fral fuort út [[kniezing]]s en binne yn 'e regel [[pine|pynlik]] as men der op drukt, mar meastal hat men der fierder net al tefolle lêst fan. Oars wurdt it fansels as blauwe plakken [[symptoom|symptomen]] binne fan swierdere ferwûnings, lykas [[brutsen bonke]]n of [[ynwindige blieding]]s.
 
It útlekte bloed wurdt nei ferrin fan tiid wer troch it lichem ôfbrutsen en opnommen. Geandewei dat proses feroaret it yn 't earstoan reade of út 'en blauwens skinende plak fan [[kleur]]. It ôfbrutsen [[izer]]hâldende [[hemoglobine]] yn it bloed wurdt nammentlik omset yn giele [[pigmint]]en, dy't it 'blauwe plak' yn 'e mande mei it blau in grienich oansjen jouwe. Neigeraden dat de tiid foarderet en almar mear blau yn giel omset wurdt, ferdwynt it grienige en kriget it plak in gielige kleur, dy't stadichwei oplost yn in normale [[hûdskleur]].