Feanwyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
AST (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 4:
'''Feanwyk''' (Nederlânsk: ''Veenwijk'') is in grut gebou oan de Tjeerd Rosleane yn [[Aldskoat]]. It is omtrint [[1763]] bouwe litten troch Fokke Bienema en syn frou Tetsje Epkes Roos. Fokke Bienema wie apteker oan de Lindegrêft op It Hearrenfean. Hy waard letter ferfeanter (1728 - 1773). Hja binne troch apteekjen en [[ferfeanting]] ryk wurden.
 
Harren soan Epke Roos van Bienema ([[1767]]-[[1810]]) en syn frou Sara Suzanna Bergsma út [[Dantumawâld]] lieten Feanwyk yn [[1798]] fergrutsje en ferheegje. Efter it gebou waaard in hege bult opsmiten, it saneamde [[Woutersberchje]] dat in prachtich útsjoch joech op de omkriten. Fierder liet er tusken [[1807]] en [[1810]] yn'e bosk ek noch in [[grêfkelder]] foar de famylje bouwe. <br>
In diel fan it ynterieur is bewarre bleaun: in diorama en muorredekoraasjes (ien mei jachtattributen en ien mei tekens fan de [[Frijmitselerij]] der op). Fan de bûtekant fan it gebou binne gjin ôfbylden.
 
Troch erfenisfererfjen kaam it yn eigendom fan Tjalling Menno Watse Baron van Asbeck (1795 - 1855), dy’t yn 1818 troude mei Elbrig fan Bienema (1796 - 1866). In lettere Epke Roos fan Bienema ([[1811]]-[[1901]]), de eigner fan [[Herema State (It Hearrenfean)]] oan de dyk tusken [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]] en [[Aldskoat]] ferkocht it omtrint [[1847]] publiyk oan Jan Berends Wouters ([[1795]]-[[1873]]) dy't dêrfoar noch op [[Jagtlust]] wenne.
 
Syn dochter Julia Anna Margaretha ([[1829]]-[[1892]]) liet Feanwyk ferbouwe. Har heit Jan Wouters hie by testamint fêstlizze litten dat at der gjin neisieten mear wêze soenen, it gebou net ta fabryk makke wurde moast om dêr de earmen fan Alskoat te wurk te stellen. Trochdat Julia der yn wenjen gie ferfoel dy bepaling. Sy liet op har beurt fêstlizze dat nei har dea Feanwyk en alle kaptaal brûkt wurde moast foar ''"ongehuwde behoeftige dames uit den fatsoenlijken en beschaafde stand".''