Carrick: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 6:
De krite Carrick hearde oarspronklik ta it [[keninkryk]] [[Galloway]] en wie oant [[1186]] in [[hearlikheid]]. Dat jiers waard it yn [[lienstelsel|lien]] jûn oan [[Duncan, greve fan Carrick|Duncan]], de soan fan [[Gilbert fan Galloway]], dy't de earste [[greve]] fan Carrick waard. Duncan syn soan [[Neil, greve fan Carrick|Neil]] liet it greefskip nei oan syn [[erfdochter]] [[Marjorie, grevinne fan Carrick|Marjorie]]. Fia har kaam de grevetitel yn [[1292]] yn 'e hannen fan har soan [[Robert I fan Skotlân|Robert fan Bruce]], dy't yn [[1306]] as Robert I op 'e Skotske troan kaam.
 
Neitiid waard de titel 'greve fan Carrick' sadwaande droegen troch de [[keningen fan Skotlân]] en fan [[1707]] ôf troch de [[keningen fan Grut-Brittanje]]. Hjoed de dei is it ien fan 'e mindere titels fan 'e [[prins]] fan [[Wales]] (de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[kroanprins]]), waans wichtichste Skotske titel '[[hartoch]] fan [[Rothesay]]' is. As thúsbasis fan Robert fan Bruce en syn [[famylje]] hie Carrick yn 'e [[Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch]] ([[1296]]-[[1328]]) gâns te lijen fan [[Ingelân|Ingelske]] ynfallen en plonderings.
 
Letter wie Carrick yn 'e [[16e iuw|sechstjinde]] en [[santjinde iuw]] it toaniel fan in oanhâldende yntra-familiale [[fete]] tusken de ûnderskate tûken fan it machtige [[Klan Kennedy|Kennedy]]-[[laach (famylje)|laach]]. Yn 'e [[santjinde iuw]] wie Carrick, mei syn rûge terrein, boppedat in gaadlik taflechsoard foar de ferfolge [[presbyterianisme|presbyteriaanske]] [[Kovenanters]]. Dêrnjonken makke de fan [[grot]]ten optillende kust it oant yn 'e [[njoggentjinde iuw]] in frijhaven foar [[smokkeljen|smokkelders]]. De ferneamde [[Skotsk]]talige [[dichter]] [[Robert Burns]] fertsjinne yn Carrick yn it lêst fan 'e [[achttjinde iuw]] syn brea as [[kommys]].
 
Uteinlik gie Carrick yn [[1889]] bestjoerlik op yn it greefskip [[Ayrshire]]. Fan [[1975]] oant [[1996]] bestie binnen de Skotske regio [[Strathclyde]] in leger bestjoersdistrikt dat de namme [[Kyle en Carrick]] droech. Yn [[1996]] waard dat omfoarme ta in [[unitêre autoriteit]], en krige it de namme [[Súd-Ayrshire]]. Fan dat gebiet makket tsjintwurdich likernôch it súdlike twatrêde part it histoaryske Carrick út.