Teodoarik de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Theodorik de Grutte feroare ta Diderik de Grutte: Is mear de fryske namme, sjoch oerlis [[Oerlis:Odoaker
Ik haw in it artikel oeral Theodorik feroare yn Diderik
Rigel 1:
'''TheodorikDiderik de Grutte''' (likernôch [[451]]-[[526]]) wie kening fan de [[Ostrogoaten]]. Nei de dea fan syn heit [[ThiudimirDidemir]] yn [[474]] nom hy it leiderskip oer fan syn folk en regearre oant syn dea. Under keizer [[Zeno fan Byzantium|Zeno]] wie hy generaal en dizze beneamde him yn [[484]] ta konsul. Yn opdracht fan Zeno oermastere hy [[Itaalje]] en stifte der in [[Ostrogoatysk ryk]]. Hy besocht de [[Romeinen|Romeinske]] befolking te assimilearjen yn syn eigen fan oarsprong [[Germanen|Germaansk]] folk, mar slagge der net yn.
 
== Jonge jieren ==
In grut part fan syn jeugd brocht TheodorikDiderik troch as [[gizeler]] oan it hof yn [[Konstantinopel]]. Hjirmei hie de [[East-Romeinske Ryk|East-Romeinske]] keizer [[Leo I]] festigheid dat TheodorikDiderik syn heit it fouderati-ferdrach mei de keizer respektearre soe. Hy learde tiidens dizze periode oan it hof in soad oer de Romeinse gebrûken en kriichskunde. As jongkeardel die TheoderikDiderik mei oan de ferskate kriichstochten dy't syn heit hâlde. Yn [[469]] behellen sy in oerwinning op de [[Gepiden]] yn de [[Karpaten]] oan de [[slach oan de Bolia|Bolia]]. [[Moesia]] waard troch harren beset yn [[471]] en TheoderikDiderik sels liede in tal fjochterijen tsjin [[TheodorikDiderik de aldere]]. Fierder foel TheoderikDiderik letter as generaal fan de East-[[Romeinen]] in pear kear Itaalje yn.
 
== De Ostrogoaten oermasterje Itaalje ==
Rigel 8:
Yn [[476]] hie it [[Germanen|Germaanske]] [[haadling|stamhaad]] [[Odoaker]] de lêste West[[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[keizer]] ôfsetten en himsels as kening fan Itaalje ûtroppen. Dizze Odoaker stjoerde de keizerlike [[regalia|tekens]] nei de keizer fan it easten [[Zeno fan Byzantium|Zeno]] yn [[Konstantinopel]], wermei Odoaker him feitlik deljoech oan Zeno. It westlik diel fan it Romeinske ryk krieg gjin nije keizer en hâlde op te bestean.
 
De relaasje tusken Odoaker en keizer Zeno gong lykwols hurd efterút en de keizer besocht Odoaker fuort te krijen. Fierder hie Zeno ek syn bekomst fan de Ostrogoaten yn syn ryk en dêrom joech hy yn [[488]] opdracht oan TheodorikDiderik om mei syn kriichsmacht Itaalje yn te fallen. TheodorikDiderik besocht it ferskate kearen, mar waard hieltyd fuort dreaun troch de legers fan Odoaker. Lang om let krige hy it toch foar mekoar om fêste fuot te krijen yn Itaalje. Diskear slagge hy deryn om de troepen fan Odoaker te ferslaan, foar it earst yn augustus, oan de [[slach oan de Isonzo|Isonzo]], en letter, yn septimber by [[slach by Verona (489)|Verona]]. Lang om let oermastere TheodorikDiderik yn [[493]] de haadstêd [[Ravenna]] en makke in ein oan de macht fan Odoaker. Persoanlik brocht hy Odoaker om it libben.
 
Doe't TheodorikDiderik Odoaker ferlein hie, stifte hy sels in keninkryk yn Itaalje. Dit ryk strekke har út fan [[Sisylje]] oan [[Panonnia]]. Nettsjinsteande syn Germaanske ôfkomst waard TheodorikDiderik sawol troch de [[Romeinen]] as de Goaten as kening erkend. Yn TheodorikDiderik syn ryk libbe elts folk ûnder har eigen wetten.
 
== Relaasje mei oare Germaanske foarsten en folken ==
TheodorikDiderik ferstevige syn machtsbasis yn Itaalje en soarge der foar dat syn Romeinske ûnderdanen it goed hienen. Ek bleau syn bân mei de Romeinske keizer yn Konstantinopel yntakt. Sa stadich oan waard hy hieltyd machtiger. Hy makke syn grinzen feilich troch it smeden fan houliksbânnen mei de Itaalje hinne wenne folken. Syn suster [[Amalafrida]] trouwde mei [[Thrasamund]], kening fan de Fandalen en TheodorikDiderik sels wie trouwd mei [[Audofleda]], de sus fan kening [[Klovis I]] fan de Franken. De ienige Germaanske folken dêr't er gjin ynfloed op hie wienen de Franken en de [[Fandalen]].
 
Yn [[507]] sneuvele kening [[Alarik II]] fan de [[Fisigoaten]] yn de [[slach by Vouillé]] tsjin de [[Franken]]. Alarik waard opfolge troch [[Amalarik]], mar dizze wie noch minderjierrich, wêrtroch TheodorikDiderik regent foar de jonge kening waard. Troch de nederlaach by Vouillé ferlearen de Fisigoaten it besit fan [[Aquitaanje]] oan de Franken. Allinnich [[Septimaanje]] koenen sy fêst hâlde. Dit wie te tanke oan it yngripen fan TheodorikDiderik.
 
== Dea en neilitenskip ==
[[Ofbyld:RavennaMausoleum.jpg|thumb|[[Greftombe]] fan [[TheodorikDiderik de Grutte]]]]
Op 30 augustus [[526]] stoar TheodorikDiderik. Syn dochter, [[Amalasuntha]] folgde him op as keningin fan de Ostrogoaten. Sy wie lykwols net by steat om it ryk byienoar te hâlde en de [[Katolisisme|Roomske]] Romeinen en de [[Arianisme|Ariaanse]] Ostrogoaten woeksen útienoar. Dy ûntwikeling sette de East-Romeinske keizer [[Justinianus I fan Byzantium|Justinianus]] der ta om de Ostrogoaten de oarloch te ferklearen. Om [[550]] hinne wie it hiele ryk sawat ferneatige. TheodorikDiderik syn lange regear hie der wol ta bydroegen de Romeiske kultuer fan Itaalje te bewarjen. It [[mausoleum]] fan TheodorikDiderik de Grutte is noch hieltiid te besjen yn Ravenna.
 
== Literateur ==