Ferskil tusken ferzjes fan "De Twa Tuorren"

L
L (→‎Fryske oersetting: by de tiid)
 
==Fryske oersetting==
De [[Frysk]]e [[oersetting]] fan ''The Two Towers'' (ûnder de titel fan ''De Twa Tuorren'') kaam yn it neijier fan fan [[2016]] út. De hiele oplaach waard op [[ambacht]]like wize ynbûn troch [[boekbiner]]ij Fopma te [[Wier]]. It [[omslach|stofomslach]] waard ûntwurpen troch R.P. Peters te [[Waaksens (Littenseradiel)|Waaksens]] op basis fan [[foto]]keunst troch Maartje Roos fan [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. De fertaling sels waard, krekt sa't dat by ''[[It Selskip fan 'e Ring]]'', it earste diel fan ''[[Master fan Alle Ringen]]'', it gefal wie, fersoarge troch dû. [[Liuwe H. Westra]], yn it deistich libben wurksum as [[predikant]] en [[universiteit|universitêr meiwurker]]. De útjefte stie oarspronklik plend foar it neijier fan [[2013]], mar tsjinslaggen by it fertaalwurk kearden it tsjin oant nei de jierwiksel, en in skeel mei de [[útjouwer]] soarge fanôf begjin [[2014]] foar noch mear opûnthâld. Yn [[2016]] besleat Westra ''De Twa Tuorren'' yn [[eigen behear]] út te jaan fia de troch him oprjochte [[Stifting Fryske Tolkien]],<ref>[http://www.frysketolkien.nl Offisjele webside fan 'e Stifting Fryske Tolkien]</ref> wat er finansierde mei in [[crowdfunding]]saksje.<ref>[https://www.voordekunst.nl/projecten/4834-tolkien-lotr-ii-yn-it-moaiste-frysk-1 Liuwe Westra presintearret syn crowdfundingsaksje foar ''De Twa Tuorren'' op Voordekunst.nl]</ref> Ta promoasje begûn er dêrnjonken in eigen [[YouTube|YouTube-kanaal]], dêr't û.m. [[deputearre]] [[Sietske Poepjes]] en [[akteur]] [[Freark Smink]] stikken út it boek foarliezen.<ref>[https://www.youtube.com/channel/UCd2sSDO3dwB9JmNwPDylPTw Liuwe Westra syn eigen YouTube-kanaal]</ref> De eigentlike presintaasje fan ''De Twa Tuorren'' waard op [[11 novimber]] [[2016]] yn Westra syn wenplak [[Lollum]] holden.<ref>{{Aut|Vries, Sietse de}}, ''Hobbits, elfen en crowdfunding'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 21 oktober 2016.</ref>
 
{{boarnen|boarnefernijing=