Perikles: ferskil tusken ferzjes

170 bytes lytser ,  6 jier lyn
L
kt + deade link fuorthelle
(f.Kr./n.Kr.)
L (kt + deade link fuorthelle)
[[Ofbyld:Pericles Pio-Clementino Inv269.jpg|thumb|Buste fan Perikles mei de ynskripsje "Perikles, soan fan Xanthippus, de Atener". <br /><small>Romeinske kopy neffens in Gryksk orzjineel fan sa. 430&nbsp;f.Kr.</small>]]
'''Perikles''' ([[Gryksk]]: Περικλῆς) ([[Papagou-Kolargos|Kolargos]], [[495 f.Kr.]] - [[Atene (stêd)|Atene]], [[429 f.Kr.]]), wie generaal en steatsman fan Atene. Hy stiet bekend as in charismatysk lieder en jilde yn it tiidrek dat Atenea har grutste kulturele en politike bloeitiid trochmakke as de net kroande lieder fan de stêd. Troch syn persoanlikheid en optreden wurdt de hiele perioade betiids ek 'de iuw fan Perikles’ of 'gouden iuw fan Atene' neamd.
 
Ynlânsk feroare hy hiel bot de demokratyske ynstellingen, benammen troch de ynfiering fan in útkearing fan de steat foar rjochters en bestjoerders wêrtroch it mooglik waard dat ek boargers út de legere klassen harren boargerrjochten en –plichten dwaan koenen sûnder ynkomsten foar harren libbensûnderhâld te missen. Op kultureel mêd hat er it inisjatyf nomd ta de bou fan ûnder mear it [[Partenon]], en joech hy stipe oan keunstners en gelearden as [[Anaksagoras]], [[Sofokles]], [[Fidias]], [[Herodoatos]] en [[Protagoras (filosoof)|Protagoras]], en dêr't hy meastentiids mei befreone wie. Politike tsjinstanners dy't persoanlik net tsjin him duorre yn te gean rjochte faak harren oanfallen tsjin dizze freonen, of tsjin [[Aspasia]], dy't syn leafde wie neidat er him skieden litten hie fan syn wetlike frou.
 
Doe't de [[PeloponnesyskePeloponnezyske Oarloch]] net langer te mijen waard, en [[Attika]] alle jierren troch de Spartanen ûnder harren kening [[Archidamus II]] ferwoaste waard, wie it Ateenske folk net langer tefreden oer Perikles syn strategy. Op grûn fan in net folslein heldere oanklacht fanwegen fertsjustering fan steatsjild waard hy as strateech ôfsetten, mar sawat fuortendaliks krige it folk spyt fan harren beslissing en keazen him op 'e nij foar it jier 429. Lykwols hawwe dy net grûne fertochtmeitserij him syn libbenskrêft koste. Perikles wie op kriich tariede, mar slagge der net yn syn kriichsplan goed útfierber te bringen: yntusken wie yn Atene de [[pest]] útbrutsen en sels waard hy ien fan de earste slachtoffers fan dy ziekte. Hy ferstoar yn de hjerst fan 429, neidat er earst noch syn beide soannen Ksantippos en Paralos oan de moardzjende sykte beswike sjoen hie.
 
== Karakterskets ==
[[Kategory:Aldgryksk generaal]]
[[Kategory:Aldgryksk persoan út Atene]]
[[Kategory:Persoan yn de Peloponnezyske Oarloch]]