İzmir: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
link tafoege
Rigel 29:
Izmir is ien fan 'e âldste stêden fan it [[Middellânske See|Middellânske-Seegebiet]], mei in skiednis dy't weromgiet oant djip yn 'e [[prehistoarje]], teminsten oant 3000 f.Kr. Omtrint 600 f.Kr. makken de [[Lydje|Lydiërs]] de stêd mei de grûn lyk; it bleau in ruïne oant de tiid fan [[Aleksander de Grutte]] (356-323 f.Kr.). Yn 'e [[Klassike Aldheid]] wie Izmir, ûnder de Grykske namme Smyrne (better bekend ûnder de latinisearre foarm Smyrna), in wichtige haven- en hannelsstêd.
 
De [[Turken]] feroveren Smyrna yn [[1076]], mar oant [[1930]] behold de stêd offisjeel syn Grykske namme. De befolking bestie dan ek grutdiels út etnyske [[Griken]]. Dat wie der ek de reden foar dat Smyrna en omkriten nei de [[Earste Wrâldoarloch]] (wêryn't Turkije oan 'e kant fan 'e [[Dútslân|Dútsers]] fochten hie), by de [[Frede fan Sèvres]] ([[1919]]) oan [[Grikelân]] tawiisd waard. Mar de Griken waarden oermoedich en lokken de [[Gryksk-Turkske Oarloch]] ([[1919]]-[[1922]]) út, dy't foar harren jammerdearlik útpakte. Se waarden troch de Turken ferpletterjend ferslein, en yn septimber 1922 foel Smyrna yn Turkske hannen, wat mank gie mei slachtpartijen ûnder de [[kristendom|kristlike]] boargerbefolking. Frijwol daliks nei de ynname fan 'e stêd briek der in [[Brân fan Smyrna|grutte brân]] út, dy't de Grykske en Armeenske Kertieren frijwol hielendal yn 'e jiske lei, hoewol't de Turkske en Joadske Kertieren sparre bleaune. Nettsjinsteande it feit dat de oarsaak fan dy brân noch altiten omstriden is, besteane der rûnom eachtsjûgeferslaggen wêryn't steld wurdt dat it fjoer troch Turkske soldaten oanstutsen wie. De oantallen slachtoffers fan 'e moardpartijen en de brân wurde rûsd op 10.000 oant 100.000 [[Armenen]] en 50.000 oant 400.000 [[Griken]]. Neitiid waarden 150.000 oant 200.000 Grykske boargers troch Grykske skippen ûnder [[Alliearden|Alliëarde]] marinebegelieding út Smyrna evakuëarre. Under de [[Frede fan Lausanne]], dy't yn 1923 in ein makke oan 'e Gryksk-Turkske Oarloch, kaam Izmir wer by Turkije te hearren. De lêste Griken ferlieten de stêd yn [[1923]], as ûnderdiel fan 'e [[Gryksk-Turkske Befolkingsruil]].
 
==Ekonomy en toerisme==