Bay Mills Yndianemienskip fan de Sault Ste. Marie Troep fan Tsjippewa: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 37:
De BMIC wurdt bestjoerd troch de Algemiene Stammeried (''General Tribal Council''), dy't bestiet út alle stimberjochtige leden fan 'e stamme. It deistich [[bestjoer]] is yn 'e hannen fan 'e Utfierende Ried (''Executive Council''), dy't bestiet út fiif keazen funksjonarissen: de [[foarsitter]], de [[fise-foarsitter]], de [[skathâlder]], de [[siktaris]] en in algemien riedslid. De sittingstermyn foar de leden fan 'e Utfierende Ried is twa jier.
 
De BMIC hat fierders syn eigen [[rjochterlike macht]], dy't sawol [[strafrjocht]]like as [[sivyl rjocht|sivylrjochtlike]] saken behannelet. Der is ien [[rjochter]], dy't keazen wurdt foar terminen fan seis jier. De BMIC hat in oerienkomst mei it Sheriffsburo fan Chippewa County, dat dêrtroch ferantwurdlik is foar de [[wet]]shanthavening yn it reservaat. De BMIC jout syn eigen [[kentekenplaat|kentekenplaten]] út. De stamme hat fierders in eigen [[ûnderwiis]]ynstelling, it [[Bay Mills Mienskipskolleezje]], yn Brimley, en dêre is ek it eigen [[hotel]] en [[kasino]] fan 'e stamme fêstige, it Bay Mills Resort & Casino.
 
==Keppelings om utens==