Joazef (soan fan Jakob): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red+kat
Rigel 28:
 
Doe't de bruorren werom yn Kanaän wiene en harren heit fernijden wat de ûnderkening fan harren easke hie, makke de âlde Jakob harren ferwiten en frege wêrom't hja de ûnderkening ferteld hiene dat der noch in broer wie. It beslút fan Jakob stie fêst: hy liet Benjamin net gean. Mar doe't de honger oanbleau en it graan oprekke moast er belies jaan en syn jongste soan gean litte nei Egypte. Om de ûnderkening tefreden te stellen liet Jakob geskinken meinimme en dûbeld safolle jild om ek it jild yn de sekken werom betelje te kinnen.<ref>Genesis 41:46-57; Genesis 42:1-38</ref>
[[File:Gerbrand van den Eeckhout - Josef and his brothers - Google Art Project.jpg|thumb|250px|Joazef makket him bekend as harren broer (Gerbrand van den Eeckhout, 1657)]]
 
==== De twadde reis nei Egypte ====
Foar de twadde kear reizgen de bruorren fan Joazef no nei Egypte en dit kear mei Benjamin. By it sjen fan syn broerke Benjamin rekke Joazef tige oandien, dat hy him ôfsûnderje moast om út te gûlen. Nei't Joazef syn bruorren te iten en drinken jûn hie, joech hy opdracht de sekken groatfol mei graan te foljen en it jild dat de bruorren betellen op'e nij yn de sekken te lizzen. Mar yn de sek fan Benjamin liet Joazef ek noch syn sulveren beker ferstopje.
 
[[File:Gerbrand van den Eeckhout - Josef and his brothers - Google Art Project.jpg|thumb|250px|Joazef makket him bekend as harren broer (Gerbrand van den Eeckhout, 1657)]]
Underweis nei Kanaän waarden de bruorren ynhelle troch de tsjinstfeint fan Joazef, dy't yn opdracht fan Joazef de bruorren fan it stellen fan de sulveren beker beskuldige. De bruorren begrepen der neat fan en seine, dat as de beker by harren fûn waard, dat hja dan as slaaf mei werom gean soene. Grut wie de skrik doe't de beker yn Benjamin's sek fûn waard en wol sa grut, dat de bruorren harren klean stikken skuorden. Allegear gyngen hja mei werom nei de stêd en dêr smieten hja har foar de ûnderkening del om harren as slaaf oan te bieden. Nei't Joazef sei dat allinnich Benjamin bliuwe moast as slaaf om't by him de beker fûn wie en dat de rest gean mochten, kaam Juda, de broer dy't útsteld hie om Joazef te ferkeapjen, nei foarren. Hy lei út hoe dreech it west hie foar syn âlde heit om syn jongste soan gean te litten en dat syn heit stjerre soe as de jongen net werom kaam. Dêrom frege Juda oft hy it plak fan Benjamin as slaaf net ynnimme mocht. Juda's wurden "Hoe soe ik nei ús heit tagean kinne, as de jonge net by my is? It leed dat ús heit dan treffe sil, soe foar my net om oan te sjen wêze" taaste Joazef sa yn't moed, dat hy yn gûlen útbarstte. No koe Joazef him net mear stilhâlde en hy makke him bekend as harren broer dy't hja ferkocht hiene.
[[File:Rembrandt Harmensz. van Rijn - Jacob Blessing Ephraim and Manasseh - Schloss Wilhelmshöhe Kassel.jpg|thumb|left|250px|Jakob jout de soannen fan Joazef syn segen ([[Rembrandt van Rijn]])]]
 
Om't de hongersneed noch oanhold stelde Joazef út dat de bruorren de heit mei de famylje en it besit ophellen om harren yn Egypte nei wenjen te setten. Beladen mei geskinken gyngen de bruorren werom nei Kanaän en doe't hja harren heit fertelden dat Joazef noch libbe en sels ûnderkening wie, woe it de âlde Jakob ynearsten net oan. Nei't God yn in dream oan Jakob ferskynde en him sei net benaud te wêzen om nei Egypte te gean makke Jakob him klear om ôf te reizgjen. Mei Jakob en syn soannen gyng al it neiteam en it fee en oar besit de reis oan en hja setten harren yn it lân Gosjen nei wenjen.<ref>Genesis 43, 44, 45</ref>
 
==== De dea fan Jakob en Joazef ====
[[File:Rembrandt Harmensz. van Rijn - Jacob Blessing Ephraim and Manasseh - Schloss Wilhelmshöhe Kassel.jpg|thumb|left|250px|Jakob jout de soannen fan Joazef syn segen ([[Rembrandt van Rijn]])]]
Joazef krige twa soannen: [[Manasse]] en [[Efraïm]]. Syn heit Jakob libbe noch santjin jier yn Egypte. Doe't er siik waard naam Joazef syn soannen mei nei Jakob om harren segenje te litten. Mar ynstee fan Manasse krige de jongere Efraïm de segen fan de âldste. Sa sette Jakob Efraïm boppe Manasse. Nei it ferstjerren fan Jakob liet Joazef syn heit balsemje en neffens syn lêtste winsk begrave yn it lân Kanaän.
 
Line 46 ⟶ 47:
{{Commonscat|Joseph (son of Jacob)|Joazef}}
}}
 
[[Kategory:Bibelsk persoan]]
[[Kategory:Israelitysk persoan]]
[[Kategory:Aldegyptysk slaaf]]
[[Kategory:Aldegyptysk amtner]]
[[Kategory:Armeensk-otterdoks hillige]]
[[Kategory:Eastersk-otterdoks hillige]]
[[Kategory:Eastersk-katolyk hillige]]
[[Kategory:Islamitysk profeet]]