Jakob (aartsfaar): ferskil tusken ferzjes

kleingoed
(Nije Side: thumb|250px|Jakob fjochtet mei de ingel ([[Rembrandt van Rijn, 1659)]] '''Jakob''' (Hebriuwsk: יַעֲק...)
 
(kleingoed)
 
[[File:Rembrandt - Jacob Wrestling with the Angel - Google Art Project.jpg|thumb|250px|Jakob fjochtet mei de ingel ([[Rembrandt van Rijn]], 1659)]]
'''Jakob''' ([[Hebriuwsk]]: יַעֲקֹב; Ja‘ǎqov, Jaäkov) is is de tredde aartsheit fan de [[Israeliten]] en krige letter de namme Israel. Hy wie de tredde foarfaar dêr't God in ferbûn mei sleat. Neffens bibelgelearden moat Jakob tusken om en de by 2000 foar Kristus libbe ha.
 
Jakob wie de soan fan [[Izaäk (aartsfaar)|Izaäk]] en [[Rebekka]], de pakesizzer fan [[Abraham (aartsfaar)|Abraham]] en [[Sara (aartsmem)|Sara]] en de jongere broer fan [[Ezau]].
Nei in lange perioade fan ûnfruchtberens rekke Rebekka, de mem fan Jakob, swier fan in twilling. Al tidens it swier wêzen stompten de twa bern yn har skurte inoar. Rebekka frege har ôf wêrom't hja sa wie en hja krige fan God de útlis dat har skurte twa folken bringe soe en dat de iene naasje boppe de oare kaam te stean.
 
Tidens de befalling kaam earst Ezau. Fuortendaliks der efteroandêrnei kaam Jakob, dy't mei syn hantsje de hakke fan Ezau fêst hold.
 
De twa jongens wiene folslein ferskillend. Ezau siet rûch yn it hier en waard in echte fjildman. Jakob dêrfoar oer bleau it leafst thús. De heit holde it meast fan Ezau, wylst de mem in foarkar hie foar Jakob.<ref>Genesis 25:19-25</ref>
 
==== Jakob's dream ====
[[File:Blake jacobsladder.jpg|thumb|250px|Jakob's ljedder ([[William Blake]], 1805)]]
Underweis nei Charam krige Jakob in dream. Hy seach in ljedder mei ingelen dy't oant de himel rikte. Ek seach Jakob de Heare dy't sei:
 
== Jakob by Laban ==
Underweis nei syn omke Laban learde Jakob syn kreaze nicht Rachel, de dochter fan syn omke Laban, kennen en hy rekke fereale op har. No woe Jakob graach foar syn omke wurkje, mar syn omke fûn dat soks net om'e nocht hoegde. En dêrom frege Jakob om de hân fan Rachel yn ruil foar sân jier wurkjen by Laban. Mar doe't it safier wie en Jakob oan it trouwen ta wie en der in grut feest organisearre waard, brocht Laban nei it feest Jakob syn âldere en net sa kreaze dochter Léa. Doe't it de oare deis ljocht waard, ûntdiek Jakob dat hy net mei Rachel, mar mei Léa slept hie. Jakob helle ferhaal by Laban, mar krige it antwurd dat it wenst wie earst de âldste en dan pas de jongste te jaan en dat hy foar Rachel ek nochris sân jier wurkje moast.<ref>Genesis 29</ref>
[[File:Jacob and Rachel Leaving the House of Laban by Charles-Joseph Natoire, 1732, High Museum of Art.jpg|thumb|250px|left|Jacob en Rachel ferlitte it hûs fan Laban ([[Charles Joseph Natoire]], 1732)]]
 
Jakob stie goed yn't wurk en troch him waard syn omke Laban in ryk man. En Jakob wist mei in tûke ôfspraak mei syn skoanheit sels ek tige ryk te wurden. Nei't Jakob likernôch tweintich jier by Laban tsjinne hie, woe hy werom nei it lân dêr't er wei kaam. Om't hy fierder gjin spul mei syn skoanheit woe, pakte Jakob temûk op en gyng mei syn froulju, byfroulju en al syn bern en besittings op reis werom nei Kanaän. Pas trije dagen letter kaam Laban it te witten dat se sûnder ôfskie fuort gien wiene en dat se ek noch ris de ''tearafim'', syn ôfgodsbyldsjes, stellen hiene. Laban beslúte om mei syn mannen Jakob efternei te sitten, helle de karavaan nei sân dagen yn en easke om ferantwurding. Jakob sei syn skoanheit dat hja stikem fuortgien wiene om't hy bang wie dat Laban de froulju oars net gean litte woe. Fan de byldsjes dy't stellen wiene wist Jakob neat, want dat hie Rachel dien. Dat Jakob joech Laban en syn mannen tastimming om alles nei te sjen, mar hja koene de byldsjes net fine om't Rachel der boppe siet en sei net oerein komme te kinnen om't hja lêst hie fan de "frouljuskwaal". It rûn allegear mei in skamper ôf en Laban stelde út om in ferbûn mei Jakob te sletten en hja makken lykas wenst in stienbult en Jakob neamde dat plak Gal-Ed. De oare moarn naam Laban ôfskie en gyng nei hûs.<ref>Genesis 31</ref>
 
== Jakob werom yn Kanaän ==
[[File:Peter Paul Rubens 185.jpg|thumb|left|250px|De fermoedsoening fan Jakob en Ezau ([[Peter Paul Rubens]], 1625-1628)]]
Doe't Jakob Kanaän nadere stjoerde hy boadkippers nei syn broer Ezau. Dy kamen werom mei it boadskip dat Ezau Jakob yn'e mjitte komme woe mei 400 man. Dêr skrok Jakob tige fan, want hy tocht dat Ezau wraak nimme woe en dêrom liet hy de karavaan splitse sadat der altiten in groep oerbleau as Ezau ien fan beide groepen ferslaan soe. Ek liet hy keppels fee gearstalle, dy't mei feinten foar Jakob op gean moasten en as geskink foar Ezau tsjinje moasten om Ezau geunstich te stimmen.
 
== Jakob yn de islaam ==
Jakob is yn de [[islaam]] in profeet en wurdt yn de [[Koran]] Yaʿqūb (يعقوب; ''Jakoeb'') neamd.
 
== Keppeling om utens ==