Wytsingen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
omstav.
oanf.
Rigel 9:
 
== Skiednis ==
It earste berjocht dat oer Wytsingen opskreaun is, datearret út [[793]] doe't in kleaster op it eilân [[Lindisfarne]] foar de noardeastlike kust fan [[Ingelân]] plondere waard. TrochFoar harren komst nei it suden bestean in oantal teoryen. Ien dêrfan jout de delgong fan de Fryske hannelsfloat as reden. Under de Grutte Fryske opstân yn 785 waard nammentlik troch [[Karel de Grutte]] it grutste part fan de Fryske float ferneatige. Neffens guon skiedkundigen hat dat in wichtige reden west foar de Wytsingen om rjochting it suden te gean; hja moasten doe sels harren hannel helje sûnt de Friezen fuortbleaunen. Oare teoryen sizze dat troch oerbefolking en fiedseltekoarten gongen Germaanske stammen út Skandinaavje wei gongen op aventoer, dêr't ek by plondere en rôve waard. In oare wichtige reden foar dy tochten wie de Noarske gewoante dat de âldste soan as ienige erfgenamt alle besittings fan de heit oerurf. Sadwaande ûntstie der in oerskot oan jonge lju dy't op siik moasten nei in oare boarne fan bestean.
 
Yn it tiidrek fan de Wytsingen wurde twa perioaden ûnderskieden. Fan [[789]]-[[840]] wie meastentiids sprake fan plondertochten, dêr't gebieten by oanfallen waarden en ek wer gau ferlitten. Mar fan om-ende-by [[840]] ôf komt hieltyd mear struktuer yn de oanfallen dy't ek wiidweidiger fan opset wurde en dêr't ek mear sprake is fan fêstiging of kolonisaasje yn de oermastere gebieten.