Asega: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 4:
 
==Sage oer it ûntstean fan it Fryske rjocht==
It wurd Asen is yn de Fryske taal werskynlik werom te fynen yn it wurd Eswei. Dit wurd komt foar yn de [[sage]] dy't it ûntstean fan it fjocht yn Fryslan beskriuwt. Yn dizze sage oer it ûntstean fan it Fryske rjocht, de ''[[Lex Frisionum]]'', spile de Asega's in haadrol. Neffens it ferhaal frege [[Karel de Grutte]] de tolve Asega's fan de [[Friezen]] nei harren rjocht. Doe dizze nei lan oerlis oan Karel meidielen dat sy it rjocht net fine koenen, sette Karel harren op see yn in skip sûnder roer. Neidat sy in skoftlang stjoerleas op see rûn dobbere hienen, ferskynde der, nei in gebed, in trettjinde persoan oan board. Dit wie de Fryske god [[Forsite]] mei in gouden bile. Mei syn bile stjoerde hy it skip oan lân, liet in boarn ûntspringe en ferkûndige it Fryske rjocht oan de Asega's. De pleats der't skip oan wal kaam hiet Eswei.