De Twa Tuorren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Boek III: redaksje
Rigel 43:
{{Plotbedjer}}
Dy oarken, dy't yn 'e tsjinst steane fan 'e ta it kwea ferlate tsjoender Saruman, witte de râne fan it wylde wâld fan Fangorn te berikken, mar krekt foar't se ûntkomme kinne, wurde se dêr omsingele en ferdylge troch in ôfdieling ruters fan Rohan. Yn 'e gaos fan it gefjocht witte Merten en Pepyn yn harren elvemantels, dy't it each ferrifelje, nei it wâld ta fuort te glûpen. Dêr moetsje se de [[int (mytysk wêzen)|int]] Beamburd, in beammige reus mei wa't se befreone reitsje. Se fertelle him wat harren oerkommen is en dat ferhaal blykt krekt de drip te wêzen dêr't de amer fan oerrint. De oarken fan Saruman kapje der nammentlik yn it lêstoan mar yn it wylde wei yn om yn Fangorn, ta grutte grime fan 'e inten. Mar mei it nijs dat Merten en Pepyn him bringt, beslút Beamburd dat it no einlings en te'n lêsten tiid wurdt om Saruman tsjin te hâlden; hy ropt in gearkomste fan inten byinoar en oertsjûget de oaren fan syn gelyk. Mei Merten en Pepyn by harren sette de inten ôf nei Saruman syn bolwurk te Isengard.
[[File:Westra - De Twa Tuorren (hiele stofomslach sûnder tekst).jpg|right|500px510px|thumb|De hiele [[omslach]] fan 'e [[Frysk]]e [[oersetting]], in ôfbyld makke troch [[fotografe]] Maartje Roos.]]
 
Aragorn, Legolas en Gimli treffe ûnderwilens de Rohirrim dy't de oarken ferdylge hawwe, en dy't oanfierd wurde troch Éomer, de omkesizzer fan 'e Rohander kening Théoden. Dy fertelt harren dat hy en syn mannen taal noch teken fan 'e beide hobbits sjoen hawwe, mar oan 'e râne fan Fangorn wit Aragorn hobbitprinten te ûntdekken, dy't it wâld yn liede. Hy en syn beide maten folgje dat spoar en moetsje dan in âldman wêrfan't se earst miene dat it Saruman is, mar dy't letter Gandalf blykt te wêzen. De tsjoender Gandalf wie de liedsman fan harren selskip, dy't yn 'e Minen fan Moarje by in gefjocht mei in demoanyske balroch yn in djippe kleau fallen is en dy't se sadwaande dea waand hiene. Mar Gandalf fertelt harren no dat er ynstee troch fjoer en wetter en hichte en djipte gien is om lottere en grutter as tefoaren wer foar 't ljocht te kommen.